Geslachtsmienskip: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 12:
[[File:Deveria04.jpg|right|thumb|200px|In print út 'e [[19e iuw]] fan in pearke dat geslachtsmienskip hat (troch [[Achille Devéria]]).]]
 
By in onenightstand kin it foarspul al begjinne as men inoar oppikt, yn 'e foarm fan [[flirten]]. Letter folget [[tútsjen]], dan [[streakjen]] en it befielen fan inoars lichem, en dêrnei it [[fingerjen]] fan 'e fagina en it [[Oflûken (seksualiteit)|ôflûken]] fan 'e penis. Faak wurde oanslutend earst noch ien of beide foarmen fan [[orale seks]] ferrjochte: [[kunnilingus]], wêrby't de man de fagina fan 'e frou [[slikjen|slikket]], en [[felasio]], wêrby't de frou de penis fan 'e man ôfsûcht. By de eigentlike geslachtsmienskip bringt de man syn penis yn 'e fagina fan 'e frou yn en beweecht dy dêrnei yn en út (it 'stjitten') yn in tempo dat stadichoan flugger giet en minder behearske is neigeraden dat de man of beide partners tichter by it [[orgasme]] komme.
 
Dit stjitten jout sawol de man as de frou [[seksueel geniet]]. Foar de man wurdt dat feroarsake troch de druk op syn [[nút (penis)|nút]], de uterst gefoelige tip fan syn penis, en troch de sûgende krêft fan 'e fagina. Foar de frou wurdt it feroarsake troch de wriuwing fan 'e penis by har gefoelige [[binnenste skamlippen]] lâns, de wriuwing fan it [[ûnderlichem]] fan 'e man oer har [[klitoris]], en it reitsjen troch syn penis fan har [[G-plak]], binnenyn har fagina. Uteinlik wurdt de druk op 'e penis fan 'e man sa grut dat er in [[orgasme]] berikt (of 'klearkomt'), wêrby't in [[ejakulaasje]] (útstjit) fan [[sperma]] yn 'e fagina fan 'e frou plakfynt. [[Biology]]sk sjoen is dat de earste stap fan 'e [[fuortplanting]]: de [[siedsel]]len sille trochkringe yn it [[limoer]] fan 'e frou en dêr sa mooglik in [[aaisel]] [[befruchting|befruchtsje]], mei as gefolch dat de frou [[swierwêzen|swier rekket]] en (as alles goed giet) njoggen [[moanne (tiid)|moannen]] letter in [[poppe]] te wrâld bringt.