De Friezen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Side makke mei "{{wurk}} {{Literatuer | ôfbylding = | ôfbyldingstekst = | ôfbyldingsbreedte = | titel = ''De Friezen'' | oarspr. titel = | auteur..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 28 jun 2021 om 13.22


De Friezen - Een geschiedenis is in Nederlânsktalich boek fan Flip van Doorn út 2021.

Oan dizze side wurdt noch wurke!

Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út
oant de skriuwer mei de side klear is.



De Friezen
algemiene gegevens
auteur Flip van Doorn
taal Nederlânsk
sjenre non-fiksje
1e publikaasje 2021
prizen Boek fan de Moanne, maart 2021 [1]
kodearring
ISBN 9789400407688
oersetting nei it Frysk
útjouwer Thomas Rap

Yn 2010 ûntflechte skriuwer en sjoernalist Flip van Doorn de hektyk fan de Rânestêd en ferfarde nei Drylts, ien fan de alve Fryske stêden mei in pear tûzen ynwenners. Dêrmei kaam er werom yn it heitelân fan syn pake. Sûnt syn ferfarren fanút Hollân nei Drylts besocht Flip van Doorn te begripen wêr’t hy bedarre wie. Op ‘e siik nei antwurden makke hy alve tochten troch Fryslân en fier dêrbûten. Yn plakken as Warns, Allardseach en Rinsumageast, mar ek fier bûten Fryslân yn Rome, de Alpen en it Dútske Waadgebiet stjitte hy op spoaren fan de Friezen en harren mytyske Fryske Frijheid. Yn it boek fertelt Van Doorn syn eigen ferhaal fan it Fryske folk wêrfan de oarsprong en ynfloed fier foarby de grinzen fan de hjoeddeiske provinsje Fryslân rikke. Net- Friezen jout hy in ynkykje yn dat bûtengewoane stikje Nederlân, en tagelyk hâldt hy de Friezen in spegel foar wêryn ’t se harsels weromkenne: ‘’tsjin de tried yn en tsjinstridich, kreatyf en konservatyf, ûnseker en selsbewust, iepen en sletten, en dat allegear tagelyk’’.

Yn alve haadstikken reizget Van Doorn op syn alve-en-tritichst troch Fryslân, in ferwizing nei de alve Fryske stêden en de tritich gritenijen. Troch syn pake fielt Flip him foar in kwart Fries, mar bliuwt dochs in relative bûtensteander. It skilt wol dat er it Frysk goed ferstiet en dat er dêrtroch de Friezen goed observearje kin, mar it sit him al wat dwers dat hy ûndanks alle taallessen dochs oansprutsen wurdt op syn skoalske Frysk. By de beskriuwing fan Fryske stêden giet de oandacht fan Van Doorn út nei stânbylden, museums en muorreteksten. Dêrbûten hat er omtinken foar it lânskip mei syn wetter, terpen, kwelders, stinzen, greidefûgels en it gea. De linen mei it ferline spylje in grutte rol yn it boek. Sa reizget er nei plakken dy’t neamd wurde yn de stambeam dy’t er mei help fan ynternet makke hat. It boek giet oer besteande plakken en oer ferhalen fan echte minsken en wurdt ûnderboud mei safolle mooglik feitemateriaal. Hy makke in kar út alles wat er tsjinkaam en keas syn eigen ferhaallinen omdat lang net alles ferteld wurde koe. Op it omkaft fan it boek stiet in skildering fan René Tweehuysen: “Wierum, wolk boven aangevreten land’’, 2008. Op it binnenwurk en binnenside kaartjes fan Fryslân út 2750 foar Kr., 500 foar Kr., 50 nei Kristus en 800 nei Kristus. By alle haadstikken sitte kaartsjes. It boek fan 414 siden is ta stân komd mei stipe fan Tresoar. Op de earste bledside stiet “Foar mem en pake” en in sitaat fan Evert Rinsema: ‘’De tijd wreekt zich op alles wat zonder moeite tot stand komt’’. Efteryn it boek sitte in literatuerlist, in Fryske wurdlist en in register.

Wurden
Ljouwert

De pake fan Van Doorn hie him yn 1930 út Dokkum wei ta wenjen setten yn it Súd-Limburchske Heerlen, omdat dêr wol wurk wie foar in skoalmaster. Dêr troude pake Rintjema mei in Limburchske frou. De grutske ûnwennigens nei it ‘heitelân’ joech hy letter troch oan syn pakesizzers, middels in soad Fryske wurden en in ûnferjitlike treinreis nei Ljouwert dêr’t se nei it Frysk Museum soene. Mar earst woe hy syn pakesizzers it stânbyld fan syn mem sjen litte. In moarntiid lang tocht de tolvejierrige Flip dat syn beppe sa ferneamd wie dat de Friezen har earden mei in brûnzen byld yn harren haadstêd. Mar it blykte te gean om in ko: Us Mem. Fryske wurden koe er fan nammen en útdrukkings. Mei in stedswanneling lâns gebouwen, poëzijtablo’s en beslút er om út Ljouwert wei it ferburgen Frysk eigene te ûntdekken. Ljouwert wurdt syn fertrekpunt omdat dêr de treinspoaren gearrine. By syn ferkenning fan Ljouwert spylje teksten in rol, bygelyks de wurden fan Piter Jelles Troelstra dat it libben om ús hinne leit.

Spoaren
Ljouwert-Dokkum

Master Rintjema soe grif mei it 'Dokkumer Lokaaltsje riden ha om syn bertegrûn Fryslân te ferlitten út Ljouwert wei. Fanút Ljouwert wurdt troch Van Doorn it Dokkumer lokaalspoar nei Dokkum folge op ’e siik nei spoaren út it Fryske ferline en fan pake en syn stambeam.

Terpen
Hallig Langeneß – Harns

De Friezen setten har ta wenjen op terpen oan de Waadkust en Flip reizge dan ek lâns de Waadkust tusken Harns en de tsien Dútske Halligen. Hallig Langeneß is ien fan de noch troch see omspielde terpen. It toant hoe’t de minsken yn lykwicht mei de see op terpen libben, foardat de kwelders bedike waarden. Fia plakken as it kleastermuseum yn it Grinslanner Aduard, Fryslân bûtendyks, de It Timpeltsje fan Ids en de Aldebiltdyk yn It Bilt berikt er fia de Stiennen Man yn Harns.

Hillige plakken
Dokkum – Rinsumageast

Yn it Dokkumer Museum wurde de ferhalen oer Redbad en Bonifatius toand. It binne ferhalen dy’t pake grif ek heard hat as skoaljonge op in kristlike skoalle. Van Doorn twifelt oan de seinigingen fan it kristendom dat Bonifatius oan de heidenske Friezen oplizze woe. Under ynfloed fan Liudger waarden de Friezen ommers geandewei ûnderwurpen oan de regels fan hearskers as Karel de Grutte. Van Doorn set kantekenings by de mytyske ‘Fryske Frijheid’, de oerienkomst en it wetboek Lex Frisionum dêr’t Karel de Grutte de Friezen mei wist te kerstenjen en dat dizze dridzige útoarde fan syn Hillige Roomske Ryk lang frijwarje soe fan feodale lienhearen - in privileezje dat noch altiten sjoen wurdt as boarne fan eigensinnichheid. De Fryske Frijheid waard allinnich beheind troch de regels fan de paus yn Rome. Ald-preester Minne Simens krige grutte ynfloed troch syn doperske opfettings en iuwen letter gie hast hiel Fryslân oer op it protestantisme. Pake wie lid fan de frijmakke grifformearde tsjerke, in groep dy’t him ôfsplitste fan it protestantisme. Van Doorn neamt de skiednis fan it op in terp boude úthof, it Kleaster Klaarkamp by Rinsumageast en de Eppostien dy’t ek yn dy omkriten fûn is. Ek yn de kontreien by Dokkum fynt Van Doorn spoaren út it ferline dy’t te krijen hawwe mei famylje út syn stambeam.

Pylgerreis
Jirnsum - Rome

De tsjerke fan Drylts is wijd oan de hillige Mauritius fan Agaunum, krektas de tsjerken fan Jirnsum. Jirnsum is blikens it monumint Jirnsumer Moeting ûnderdiel fan it Jabikspaad. By Jirnsum moetsje de paden út Eastergoa en Westergoa yn in Y-foarm foar pylgerpaden nei Santiago de Compostella en Rome. De kleastermoppen fan it byld komme út de samling fan de Jirnsumer Loadewyk Damsma. De rest fan syn samling skonk Damsma oan de Friezetsjerke yn Rome. Yn de Slach oan de Boarn, ek wol Slach by Jirnsum, fûnen Poppo en hûnderten fan syn mannen in wrede dea en sneuvele ek de Fryske ûnôfhinklikheid. Van Doorn beslút it paad te folgjen nei de Friezetsjerke yn Rome. It paad giet oer it pleisterplak en krúspunt fan pylgerpaden Saint-Maurice yn Switserlân. De moar Mauritius út it Romeinske leger wegere it swurd op te nimmen tsjin mei-kristenen en waard dêrom ûnthalze. Letter waard hy hillich ferklearre en waard yn Saint-Maurice in abdij oan him wijd. De hillige Mauritius soe de beskermhillige wurde fan pylgers dy’t op Rome reizgen. Yn Rome hiene Fryske pylgers in eigen plak: de Friezetsjerke. Yn in muorre fan de Friezetsjerke wurde Fryske plakken neamd en binne kleastermoppen ynmitsele út plakken dêr’t tsjerken oan Mauritius wijd binne as Feinsum, Janum, Dokkum, Rinsumageast en Drylts.

Hannelsreis
Rome - Ljouwert

Troch de ferliening fan it Karelsprivileezje koene Fryske hannelers as frije Friezen maklik troch it Hillige Roomske Ryk reizgje. Sa reizgen hannelers út Drylts ek oer de Alpen yn Switserlân. De bewenners fan de oerkantons foarmen in Eedgenoatskip dat fergelykber wie mei de Fryske frijheidsprivileezjes, sadat yn dy kantons de hannel bloeide. De frijfochten Switsers út de oerkantons beskôgje de Friezen as harren Väter. Wylst hiel Europa suchte ûnder feodaal bestjoer, wiene de Friezen in folk sûnder feinten of masters. In ljochtsjend foarbyld foar de Switsers, dy’t doe kreunden ûnder it jok fan de Habsburgers. De ynwenners fan it Haslital, net fier fan Altdorf, beweare noch altiten fan Frysk komôf te wêzen. En Van Doorn reizget fierder, nei de oarsprong fan de Ryn. Want dêr leit ek de oarsprong fan Fryslân: it iuwenlang troch de Ryn meifierde sedimint ‘De kalkrike klaai fan de gieltsjes dêr’t Friezen harren pleatsen mei bouden en hiemen befluorren, de readbakkende klaai fan de kleastermoppen, de fette seeklaai dêr’t se harren jirpels yn ferbouden – allegear komme se út dit heechberchtme.’

Wetterskieding
Kreileroard - Warns

De wetterskieding yn Frisia mei West-Fryslân waard foarme troch de rivier it Fly. West-Fryslân lei as in soarte stapstien tusken Hollân en Fryslân. Oer de striid om it gebied spilet de myte fan kening Redbad in grutte rol. Troch stoarmfloedrampen sloegen stikken lân fuort en sa waard de ôfstân hieltyd grutter. Nei de Slach by Warns waard de skieding mei West-Fryslân definityf en kaam West-Fryslân ûnder ynfloed fan de greven fan Hollân.

Macht
Burhave - Brongergea

Syn reis fan Burhave nei Brongerga stie yn it teken fan macht. Yn de Midsiuwen kamen de Friezen út de Sân Fryske Seelannen mei de pinksterdagen gear by de Upstalbeam yn East-Fryslân. Se waarden bûn troch de taal en it Ald Fryske Rjocht. Foar dy wet fan de Fryske frijheid wiene alle Friezen lyk. De skriuwer begrypt neat fan de boargeroarloch tusken Skier en Fet, mar wit wol dat de Friezen doe sels harren ferneamde frijheid ferkwânselen oan de Saksen, de Hollanners en de Habsburgers. It frijheidsstelsel waard yn de tiid fan de Spaanske oerhearsking stadichoan feodaal. Neist de rike stinzen en boargen fan de boppeklasse wie der earmoede yn de turfmakkerij (Damshûs) en kaam it sosjalisme op fan Domela Nieuwenhuis, net fier fan it lusthof fan de Oranjes by Brongergea. It ûnderskied mei de aadlike Oranjes wie wol wat oars as dat alle Friezen lykweardich wiene. Neffens Van Doorn wiene de Friezen dêr sels ek mei debet oan dat harren frijheid ferlern gie.

Wetterwegen
Amsterdam – Easterlittens

De hannelers tusken Amsterdam en Drylts reizgen oer de Sudersee. Earst oer Starum, mar sûnt de achttjinde iuw oer De Lemmer. It Wouda- en Hooglandgemaal hâlde Fryslân droech op Frysk Simmerpeil, 66 sintimeter ûnder NAP. De ekonomyske groei gie net hurd en Fryske doarpen hawwe dêrtroch in soad eigens behâlden, lykas Molkwar en Hylpen. Eartiids gie hast alle ferfier oer wetter en winterdeis oer iis. De toeristen wurdearje de ûnoantaaste romte en de wettersport makket gebrûk fan de ynfrastruktuer fan wetterwegen. Wol wurdt it lânskip oantaasten troch grutskalige lânbou. Dochs blike Friezen neffens ûndersikers it lokkichst te wêzen fan fan alle Nederlanners. Om mei Jopie Huisman syn wurdearring foar it gewoane. Van Doorn folget fierder de trekfearten en riedt Friezen oan om ekris oer te grins te sjen om trochkrongen te reitsjen fan de wielde yn eigen provinsje.

Foarmjûn lânskip
It Oranjewâld – It Amelân

De âldste spoaren fan bewenning fan Noard-Nederlân lizze yn útrinners fan it Drintsk Plato en dêrmei yn it súdeasten fan Fryslân. It âlde lânskip waard yn de achttjinde iuw op grutte skaal nei de hân fan de minsken set. Neist de oanlis fan bûtenpleatsen soarge de turfgraverij, ûntginning en ruilferkaveling foar rjochte linen yn it kultuerlânskip. De kwelders toanden deselde strakke en rjochte patroanen fan lânoanmeitsjen. Lykas it lânskip keunstners beynfloedet, sa toane keunstners harren fizy op it lânskip. De natuerlike lânskippen fan skilders as Gerrit Benner en Ids Wiersma makken plak foar strakke en abstrakte wurk fan De Ploeg. Keunstners as Louis le Roy en Claudy Jongstra keazen foar gearwurking mei de natoer. Troch festêdliking, de oanlis fan diken en spoaren en skaalfergrutting en it brûken fan keunstdong kaam de natoer mear en mear ûnder druk te stean. De hoantsen en gereidefûgels as ljippen en skriezen hiene gjin kâns yn in monokultuer mei dêrtusken lytse stikjes oerbleune natoergebieten fan It Fryske Gea.

Hert
Ljouwert – Ljouwert

Mei in boat ferkent Van Doorn de oerbliuwsels fan de eardere Middelsee dy’t as in soarte trachter Fryslân ynrûn. Hy besiket foar eagen te krijen hoe’t it lânskip fan De Swette en de Boarn der eartiids útsjoen moatten ha foar de ynpolderingen en de rekreaasje. Van Doorn hat sneupt nei de essinsje fan de Friezen en harren frijheid, nei de oarsprong fan de stânfêstens, ûnôfhinklik en sin foar lykweardigens dy’t oan harren taskreaun wurde. Nei harren gewoante om harren bern noch altyd tradisjoneel Fryske nammen te jaan en nei harren taal. De feroarings yn Fryslân kamen altyd fan bûtenôf. It wurdt Van Doorn dúdlik dat Fryslân bestiet út in grut tal farianten yn taal, gebrûken en mienskippen. De ienheid bestiet benammen út komponinten mei in eigen karakter. De eartiidsjke selsredsumheid en frijheid fan de terpen hat plak makke foar in yndustrialisearre en mondiaal feriene mienkip. It ferline wurdt bewarre troch Tresoar en it Frysk Museum. Van Doorn beslút dat er de Fries yn himsels net langer sykje moat yn it ferline fan de foarâlden, mar yn de takomst en it besef diel út tee meitsjen fan de mienskip en dat er de frijheid hat om te gean en te stean wêr’t er wol.

Neiwurd

Undanks dat Van Doorn net hielendal fûn wat er socht fielt Fryslân as syn thús. Hy bliuwt fereale op Fryslân, Altijd ben ik blij, skriuwt er, wanneer op de weg terug naar huis de horizon zich opent, de luchten hoger reiken en de bebouwing schaarser wordt.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Resinsinten fan it Skiednisprogramma OVT fan de VPRO