De Friezen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
No edit summary
Tulp8 (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 36:
De linen mei it ferline spylje in grutte rol yn it boek. Sa reizget er nei plakken dy’t neamd wurde yn de stambeam dy’t er mei help fan ynternet makke hat. It boek giet oer besteande plakken en oer ferhalen fan echte minsken en wurdt ûnderboud mei safolle mooglik feitemateriaal. Hy makke in kar út alles wat er tsjinkaam en keas syn eigen ferhaallinen omdat lang net alles ferteld wurde koe.
 
Op it omkaft fan it boek stiet in skildering fan [[René Tweehuysen]]: “Wierum, wolk boven aangevreten land’’, 2008. Op it binnenwurk en binnenside kaartjes fan Fryslân út 2750 foar Kr., 500 foar Kr., 50 nei Kristus en 800 nei Kristus. By alle haadstikken sitte kaartsjes. It boek fan 414 siden is ta stân komd mei stipe fan [[Tresoar]]. Op de earste bledside stiet “Foar mem en pake” en in sitaat fan [[Evert Rinsema]]: ‘’De tijd wreekt zich op alles wat zonder moeite tot stand komt’’. Efteryn it boek sitte in literatuerlist, in Fryske wurdlist en in register.
 
;Wurden: ''Ljouwert''
De pake fan Van Doorn hie him yn 1930 út Dokkum wei ta wenjen setten yn it Súd-Limburchske Heerlen, omdat dêr wol wurk wie foar in skoalmaster. Dêr troude pake Rintjema mei in Limburchske frou. De grutske ûnwennigens nei it ‘heitelân’ joech hy letter troch oan syn pakesizzers, middels in soad Fryske wurden en in ûnferjitlike treinreis nei Ljouwert dêr’t se nei it Frysk Museum soene. Mar earst woe hy syn pakesizzers it stânbyld fan syn mem sjen litte. In moarntiid lang tocht de tolvejierrige Flip dat syn beppe sa ferneamd wie dat de Friezen har earden mei in brûnzen byld yn harren haadstêd. Mar it blykte te gean om in ko: [[Us Mem]]. Fryske wurden koe er fan nammen en útdrukkings. Mei in stedswanneling lâns gebouwen, poëzijtablo’s en beslút er om út Ljouwert wei it ferburgen Frysk eigene te ûntdekken. Ljouwert wurdt syn fertrekpunt omdat dêr de treinspoaren gearrine. By syn ferkenning fan Ljouwert spylje teksten in rol, bygelyks de wurden fan [[Piter Jelles Troelstra]] dat it‘it libben om ús hinne leitleit’.
 
; Spoaren: ''Ljouwert-Dokkum''
Rigel 45:
 
; Terpen: ''Hallig Langeneß – Harns''
De eerste Friezen setten har ta wenjen op terpen oan de Waadkust en Van Doorn reizge dan ek lâns de Waadkust tusken Harns en de tsien Dútske [[Halligen]]. Hallig Langeneß is ien fan de noch troch see omspielde terpen. It toant hoe’t de minsken yn lykwicht mei de see op terpen libben, foardat de kwelders bedike waarden. Fia plakken as it kleastermuseum yn it Grinslanner Aduard, Fryslân bûtendyks, de [[It Timpeltsje fan Ids]] en de [[Aldebiltdyk]] yn [[It Bilt]] komt by by de [[Stiennen Man]] yn [[Harns (stêd)|Harns]].
 
; Hillige plakken: ''Dokkum – Rinsumageast''
Yn it Dokkumer Museum wurde de ferhalen oer Redbad en Bonifatius toand. It binne ferhalen dy’t pake grif ek heard hat as skoaljonge op in kristlike skoalle. Van Doorn twifelt oan de seinigingen fan it kristendom dat Bonifatius oan de heidenske Friezen oplizze woe. Under ynfloed fan [[Liudger]] waarden de Friezen ommers geandewei ûnderwurpen oan de regels fan hearskers as Karel de Grutte. Van Doorn set kantekenings by de mytyske ‘Fryske Frijheid’, de oerienkomst en it wetboek [[Lex Frisionum]] dêr’t [[Karel de Grutte]] de Friezen mei wist te kerstenjen en dat dizze dridzige útoarde fan syn Hillige Roomske Ryk lang frijwarje soe fan feodale lienhearen - in privileezje dat noch altiten sjoen wurdt as boarne fan eigensinnichheid. De Fryske Frijheid waard allinnich beheind troch de regels fan de paus yn Rome. Ald-preester [[Minne Simens]] krige grutte ynfloed troch syn doperske opfettings en iuwen letter gie hast hiel Fryslân oer op it protestantisme. Pake wie lid fan de frijmakke grifformearde tsjerke, in groep dy’t him ôfsplitste fan it protestantisme. Van Doorn neamt de skiednis fan it op in terp boude úthof, it [[Kleaster Klaarkamp]] by Rinsumageast en de [[Eppostien]] dy’t ek yn dy omkriten fûn is. Ek yn de kontreien by Dokkum fynt Van Doorn spoaren út it ferline dy’t te krijen hawwe mei famylje út syn stambeam.
 
; Pylgerreis: ''Jirnsum - Rome''
De tsjerke fan Drylts is wijd oan de hillige Mauritius fan Agaunum, krektas de tsjerken fan [[Jirnsum]]. Jirnsum is blikens it monumint [[Jirnsumer Moeting]] ûnderdiel fan it [[Jabikspaad]]. By Jirnsum moetsje de paden út [[Eastergoa]] en [[Westergoa]] yn in Y-foarm foar pylgerpaden nei Santiago de Compostella en Rome. De kleastermoppen fan it byld komme út de samling fan de Jirnsumer Loadewyk Damsma. De rest fan syn samling skonk Damsma oan de Friezetsjerke yn Rome. Yn de [[Slach oan de Boarn]], ek wol [[Slach by Jirnsum]], fûnen Poppo en hûnderten fan syn mannen in wrede dea en sneuvele ek de Fryske ûnôfhinklikheid. Van Doorn beslút it paad te folgjen nei de Friezetsjerke yn Rome. It paad giet oer it pleisterplak en krúspunt fan pylgerpaden Saint-Maurice yn Switserlân. De moar Mauritius út it Romeinske leger wegere it swurd op te nimmen tsjin mei-kristenen en waard dêrom ûnthalze. Letter waard hy hillich ferklearre en waard yn Saint-Maurice in abdij oan him wijd. De hillige Mauritius soe de beskermhillige wurde fan pylgers dy’t op Rome reizgen. Yn Rome hiene Fryske pylgers in eigen plak: de Friezetsjerke. Yn in muorre fan de Friezetsjerke wurde Fryske plakken neamd en binne kleastermoppen ynmitsele út plakken dêr’t tsjerken oan Mauritius wijd binne as [[Feinsum]], [[Janum]], [[Dokkum]], [[Rinsumageast]] en Drylts.
 
; Hannelsreis: ''Rome - Ljouwert''