Star Trek: Discovery: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side

L korr
Rigel 7:
| ûntwikkele troch =
| produsint(en) = [[Bryan Fuller]] (2017)
[[Gretchen J. Berg]] (2017-2018)
[[Aaron Harberts]] (2017-2018)
[[Akiva Goldsman]] (2017-2018)
[[Alex Kurtzman]] (2018-no)
[[Michelle Paradise]] (2020-no)
| tillefyzjestudio = [[CBS Television Studios]]
[[Secret Hideout]]
[[Living Dead Guy Productions]]
[[Roddenberry Entertainment]]
| haadrollen = [[Sonequa Martin-Green]]
[[Doug Jones (akteur)|Doug Jones]]
[[Shazad Latif]]
[[Anthony Rapp]]
[[Mary Wiseman (aktrise)|Mary Wiseman]]
[[Wilson Cruz]]
[[Jason Isaacs]] (seizoen 1)
[[Anson Mount]] (seizoen 2)
[[David Ajala]] (seizoen 3)
| sjenre = [[science fiction]]
Rigel 31:
''Star Trek: Discovery'' waard betocht troch [[tillefyzjeprodusint]]en [[Bryan Fuller]] en [[Alex Kurtzman]], en de produksje stie ûnder tafersjoch fan Kurtzman en [[Heather Kadin]] as [[útfierende produsinten]]. De deistige lieding wie fan it begjin yn [[febrewaris]] [[2016]] ôf yn 'e hannen fan Fuller as ''[[showrunner]]'', mar dy ferliet de produksje yn [[oktober]] fan dat jier omreden fan kreätive mieningsferskillen mei CBS. Hy waard ferfongen troch [[Gretchen J. Berg]] en [[Aaron Harberts]], dy't by it produsearjen ûnderstipe waarden troch [[senarioskriuwer]] [[Akiva Goldsman]] foar salang't it earste [[seizoen (omrop)|seizoen]] ([[2017]]-[[2018]]) duorre. Goldsman kearde net werom foar it twadde seizoen ([[2018]]-[[2019]]), wylst Berg en Harberts ûnder it twadde seizoen [[ûntslein]] waarden. Dêrnei naam Kurtzman it oer as ''showrunner'', en foar it trêde seizoen ([[2020]]-[[2021]]) dielde er dy ferantwurdlikheid mei [[Michelle Paradise]].

''Star Trek: Discovery'' wurdt produsearre troch de [[CBS Television Studios]] yn gearwurking mei [[tillefyzjestudio's]] [[Secret Hideout]], [[Roddenberry Entertainment]] en [[Living Dead Guy Productions]]. De searje wurdt foar it meastepart opnommen yn 'e [[Pinewood Toronto Studios]] yn it [[Kanada|Kanadeeske]] [[Toronto]], en foar de rest op lokaasje bûtendoar op ferskillende plakken ferspraat oer de wrâld. Foar de searje waarden in protte bekende dingen út 'e ''Star Trek''-franchise op 'e nij ûntwurpen troch gebrûk te meitsjen fan moderne [[technyk]] en [[special effects]], lykas it oansjen fan 'e [[romteskip]]pen fan 'e Stjerrefloat en it uterlik fan 'e [[Klingons]], in ras fan [[bûtenierdske wêzens]]. De searje set fierders de gewoante fan [[foarútgong|progressivens]] fan ''Star Trek'' fuort mei foar it earst in [[negroïde|swarte]] [[frou]] as [[haadpersoan]] en ek foar it earst in [[manlik]] [[personaazje]] dat iepentlik [[homo]] en [[homohoulik|troud mei in man]] is.

Uteinlik kaam de earste [[ôflevering]] fan ''Star Trek: Discovery'' op [[24 septimber]] [[2017]] beskikber fia CBS All Access. Anno [[2021]] binne der trije [[seizoen (omrop)|seizoenen]] fan 'e searje makke, mei yn totaal 40 [[ôflevering]]s (hoewol't guon dêrfan dûbellange ôfleverings fan 65 [[minuten]] binne). Yn [[oktober]] [[2020]] joech CBS formeel opdracht ta de produksje fan in fjirde seizoen.
Rigel 383:
[[Kategory:Ingelsktalige telefyzjesearje]]
[[Kategory:Telefyzjesearje út 2017]]
[[Kategory:Telefyzjesearje fan de CBS Television Studios]]
[[Kategory:Telefyzjesearje oer romtefeart]]
[[Kategory:Telefyzjesearje oer bûtenierdske wêzens]]