Dykmarkearring: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Side makke mei "{{Wurk}} In '''dykmarkearring''' is in teken op de weidek om bestjoerders en fuotgongers it krekte paad oan te wizen. Ienheid yn sokke markearrings is wichtich om betizing en..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 29 jun 2021 om 06.29

In dykmarkearring is in teken op de weidek om bestjoerders en fuotgongers it krekte paad oan te wizen. Ienheid yn sokke markearrings is wichtich om betizing en ûnwissens tefoaren te kommen. Der binne ferskate soarten markearrings, sa as meganysk en net-meganysk. Markearrings besteane út pylken, streken om rydstripen oan te tsjutten, ûnderbrutsen en trochlutsen linen, haaietosken, oergong foar fuotgongers oer in dyk hinne, it sebrapaad, stoplinen, linen om parkearplakken oan te tsjutten, ensafuorthinne. Alhoewol't lannen besykje harren markearrings oerienkomme te litten, besteane der dochs in bytsje ferskillen.

Oan dizze side wurdt noch wurke!

Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út
oant de skriuwer mei de side klear is.


Dykmarkearrings wurde oanbrocht troch dykmarkearringsark. Guon dykmarkearrings befetsje reflektors, om yn tsjuster better sjen te kinnen, en rammelstripen, dêr't in reau by dy't oer de line rydt, in triljend lûd makket.

Soarten markearrings

Meganyske markearrings

Meganyske markearrings binne oanbrocht yn de weidek, mar stekke justjes boppe de weidek út, om sjoen te wurden. Guon dêrfan binne reflektoarysk en oaren binne net-reflektoarysk, en de measten binne permanint, wylst guon dat net binne.

  • Katte-each; is in retroreflektor dy't as markearring oan de rânen fan de rydbaan en oan de grinzen fan rydstripen oanbrocht. Wannear't yn tsjuster reauwen mei de koplampen der op skine, ljochtsje se op.
  • Rammelstripen; is in stripe mei ribbels op de dyk om de bestjoerder te warskôgjen. Rammelstripen binne almeast 1 sm djip en 10 sm breed. Rammelstripen dwers op de dyk warskôgje de bestjoerder wannear't er tichter by in gefaarlik punt komt. Rammelstripen kinne ek yn de rydrjochting op de sydkant fan de dyk of oan de middenstreek oanbrocht wurde ta warskôging wannear't in bestjoerder oer de line rydt, der in triljend lûd ûntstiet.

Net-meganyske markearrings

  • Ferve
  • Stiennen, dêr't markearrings oanbrocht wurde kinne troch stiennen blokken.
  • Termoplast, in materiaal fan keunststof dat troch hjitsjen, oant sa'n 200° Selsius, sêft wurdt.
  • Foarfoarme polymeartape, dy't gauris brûkt wurdt foar it markearjen fan stopstripen, sebrapaden, yn- en útrydstripen, spoaroergongen, taksystripen, busstripen en fytspaden.