De Friezen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
No edit summary
Tulp8 (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 31:
 
Yn 2010 ûntflechte skriuwer en [[sjoernalist]] Flip van Doorn de hektyk fan de [[Rânestêd]] en ferfarde nei [[Drylts]], ien fan de alve Fryske stêden mei in pear tûzen ynwenners. Dêrmei kaam er werom yn it heitelân fan syn pake.
Sûnt syn ferfarren fanút Hollân nei [[Drylts]] besocht Flip van Doorn te begripen wêr’t hy bedarre wie. Op ‘e'e siik nei antwurden makke hy alve tochten troch Fryslân en fier dêrbûten. Yn plakken as [[Warns]], [[Allardseach]] en [[Rinsumageast]], mar ek fier bûten Fryslân yn [[Rome (stêd)|Rome]], de [[Alpen]] en it [[Dútslân|Dútske]] Waadgebiet[[Waad]]gebiet stjitte hy op spoaren fan de Friezen en harren mytyske [[Fryske Frijheid]]. Yn it boek fertelt Van Doorn syn eigen ferhaal fan it Fryske folk wêrfan de oarsprong en ynfloed fier foarby de grinzen fan de hjoeddeiske provinsje Fryslân rikke. Net- Friezen jout hy in ynkykje yn dat bûtengewoane stikje Nederlân, en tagelyk hâldt hy de Friezen in spegel foar wêryn ’t se harsels weromkenne: ‘’tsjin de tried yn en tsjinstridich, kreatyf en konservatyf, ûnseker en selsbewust, iepen en sletten, en dat allegear tagelyk’’.
 
Yn alve haadstikken reizget Van Doorn op syn alve-en-tritichst troch Fryslân, in ferwizing nei de alve [[Fryske stêden]] en de tritich [[gritenij]]en. Troch syn pake fielt Flip him foar in kwart Fries, mar bliuwt dochs wat in bûtensteander. It skilt wol dat er it Frysk goed ferstiet en dat er dêrtroch de Friezen goed observearje kin, mar it sit him al wat dwers dat hy ûndanks alle taallessen dochs oansprutsen wurdt op syn skoalske [[Frysk]]. By de beskriuwing fan Fryske stêden giet de oandacht fan Van Doorn út nei stânbylden[[stânbyld]]en, museums[[museum]]s en muorreteksten. Dêrbûten hat er omtinken foar it lânskip mei syn wetter, terpen, kwelders, stinzen, greidefûgels en it gea.
De linen mei it ferline spylje in grutte rol yn it boek. Sa reizget erde skriuwer nei plakken dy’t neamd wurde yn de [[stambeam]] dy’t er mei help fan ynternet makke hat. It boek giet oer besteande plakken en oer ferhalen fan echte minsken en wurdt ûnderboud mei safolle mooglik feitemateriaal. Hy makke in kar út alles wat er tsjinkaam en keas syn eigen ferhaallinen omdat lang net alles ferteld wurde koe.
 
Op it omkaft fan it boek stiet in skildering fan [[René Tweehuysen]]: “Wierum''Wierum, wolk boven aangevreten land’’land'', 2008. Op it binnenwurk en binnenside kaartjeslânkaartjes fan Fryslân út 2750 foar Kr., 500 foar Kr., 50 nei Kristus en 800 nei Kristus. By alle haadstikken sitte kaartsjes. It boek fan 414 siden is ta stân komd mei stipe fan [[Tresoar]]. Op de earste bledside stiet “Foar''Foar mem en pake”pake'' en in sitaat fan [[Evert Rinsema]]: ‘’De''De tijd wreekt zich op alles wat zonder moeite tot stand komt’’komt''. Efteryn it boek sitte in literatuerlist, in Fryske wurdlist en in register.
 
;Wurden: ''Ljouwert''
De pake fan Van Doorn hie him yn 1930 út Dokkum wei ta wenjen setten yn it [[Súd-LimburchskeLimburch]]ske [[Heerlen]], omdat dêr wol wurk wie foar in skoalmaster. Dêr troude pake Rintjema mei in Limburchske frou. De grutske ûnwennigens nei it ‘heitelân’'heitelân' joech hy letter troch oan syn pakesizzers, middels in soad Fryske wurden en in ûnferjitlike treinreis nei [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] dêr’t se nei it [[Frysk Museum]] soene. Mar earst woe hy syn pakesizzers it stânbyld fan syn mem sjen litte. In moarntiid lang tocht de tolvejierrige Flip dat syn beppe sa ferneamd wie dat de Friezen har earden mei in brûnzen byld yn harren haadstêd. Mar it blykte te gean om in ko: [[Us Mem]]. Fryske wurden koe er fan nammen en útdrukkings. Mei in stedswanneling lâns gebouwen, en poëzijtablo’s en beslút er om út Ljouwert wei it ferburgen Frysk eigene te ûntdekken. Ljouwert wurdt syn fertrekpunt omdat dêr de treinspoaren gearrine. By syn ferkenning fan Ljouwert spylje teksten in rol, bygelyks de wurden fan [[Piter Jelles Troelstra]] dat ‘it'it libben om ús hinne leit’leit'.
 
; Spoaren: ''Ljouwert-Dokkum''
Rigel 45:
 
; Terpen: ''Hallig Langeneß – Harns''
De eerste Friezen setten har ta wenjen op terpen[[terp]]en oan de Waadkust en Van Doorn reizge dan ek lâns de Waadkust tusken Harns en de tsien Dútske [[Halligen]]. Hallig Langeneß is ien fan de noch troch see omspielde terpen. It toant hoe’thoe 't de minsken yn lykwicht mei de see op terpen libben, foardat de kwelders bedike waarden. Fia plakken as it kleastermuseum yn it Grinslanner Aduard, Fryslân bûtendyks, de [[It Timpeltsje fan Ids]] en de [[Aldebiltdyk]] yn [[It Bilt]] komt by by de [[Stiennen Man]] yn [[Harns (stêd)|Harns]].
 
; Hillige plakken: ''Dokkum – Rinsumageast''
Yn it [[Admiraliteitshûs (Dokkum)|Dokkumer Museummuseum]] wurde de ferhalen oer [[Redbad]] en [[Bonifatius]] toand. It binne ferhalen dy’t pake grif ek heard hat as skoaljonge op in kristlike skoalle. Van Doorn twifelt oan de seinigingen fan it kristendom dat Bonifatius oan de heidenske Friezen oplizze woe. Under ynfloed fan [[Liudger]] waarden de Friezen ommers geandewei ûnderwurpen oan de regels fan hearskers as [[Karel de Grutte]]. Van Doorn set kantekenings by de mytyske ‘Fryske[[Fryske Frijheid’Frijheid]], de oerienkomst en it wetboek [[Lex Frisionum]] dêr’t [[Karel de Grutte]] de Friezen mei wist te kerstenjen en dat dizze dridzige útoarde fan syn [[Hillige Roomske Ryk]] lang frijwarje soe fan feodale lienhearen - in [[privileezje]] dat noch altiten sjoen wurdt as boarne fan eigensinnichheid. De Fryske Frijheid waard allinnich beheind troch de regels fan de paus yn Rome. Ald-preester [[Minne Simens]] krige grutte ynfloed troch syn doperske opfettings en iuwen letter gie hast hiel Fryslân oer op it protestantisme. Pake wie lid fan de frijmakke grifformearde tsjerke, in groep dy’t him ôfsplitsteôfsplitst hie fan it protestantisme. Van Doorn neamt de skiednis fan it op in terp boude úthof, it [[Kleaster Klaarkamp]] by Rinsumageast en de [[Eppostien]] dy’t ek yn dy omkriten fûn is. Ek yn de kontreien by Dokkum fynt Van Doorn spoaren út it ferline dy’t te krijen hawwe mei famylje út syn stambeam.
 
; Pylgerreis: ''Jirnsum - Rome''
De tsjerke fan [[Drylts]] is wijd oan de hillige Mauritius fan Agaunum, krektas de tsjerken fan [[Jirnsum]]. Jirnsum is blikens it monumint [[Jirnsumer Moeting]] ûnderdiel fan it [[Jabikspaad]]. By Jirnsum moetsje de paden út [[Eastergoa]] en [[Westergoa]] yn in Y-foarm foar pylgerpaden nei [[Santiago de Compostella]] en Rome. De kleastermoppen[[kleastermop]]pen fan it byld komme út de samling fan de Jirnsumer Loadewyk Damsma. De rest fan syn samling skonk Damsma oan de [[Friezetsjerke]] yn Rome. Yn de [[Slach oan de Boarn]], ek wol [[Slach by Jirnsum]], fûnen [[Poppo]] en hûnderten fan syn mannen in wrede dea en sneuvele ek de Fryske ûnôfhinklikheid. Van Doorn beslút it paad te folgjen nei de Friezetsjerke yn Rome. It paad giet oer it pleisterplak en krúspunt fan pylgerpaden Saint-Maurice yn [[Switserlân]]. De moar [[Mauritius (hillige)|Mauritius]] út it Romeinske leger wegere it swurd op te nimmen tsjin mei-kristenen en waard dêrom ûnthalze. Letter waard hy hillich ferklearre en waard yn Saint-Maurice in abdij oan him wijd. De hillige Mauritius soe de beskermhillige wurde fan pylgers dy’t op Rome reizgen. Yn Rome hiene Fryske pylgers in eigen plak: de Friezetsjerke. Yn in muorre fan de Friezetsjerke wurde Fryske plakken neamd en binne kleastermoppen ynmitsele út plakken dêr’t tsjerken oan Mauritius wijd binne as [[Feinsum]], [[Janum]], [[Dokkum]], [[Rinsumageast]] en Drylts.
 
; Hannelsreis: ''Rome - Ljouwert''
Troch de ferliening fan it Karelsprivileezje koene Fryske hannelers as frije Friezen maklik troch it Hillige Roomske Ryk reizgje. Sa reizgen hannelers út Drylts ek oer de Alpen yn Switserlân. De bewenners fan de oerkantons foarmen in Eedgenoatskip dat fergelykber wie mei de Fryske frijheidsprivileezjes, sadat yn dy kantons de hannel bloeide. De frijfochten Switsers út de oerkantons beskôgje de Friezen as harren 'Väter'. Wylst hiel Europa suchte ûnder feodaal bestjoer, wiene de Friezen in folk sûnder feinten of masters. In ljochtsjend foarbyld foar de Switsers, dy’t doe kroondenkreunden ûnder it jok fan de Habsburgers. De ynwenners fan it Haslital, net fier fan [[Altdorf]], beweare noch altiten fan Frysk komôf te wêzen. En Van Doorn reizget fierder, nei de oarsprong fan de Ryn. Want dêr leit ek de oarsprong fan Fryslân: it iuwenlang troch de Ryn meifierde sedimint ‘De'De kalkrike klaai fan de gieltsjes dêr’t Friezen harren pleatsen mei bouden en hiemen befluorren, de readbakkende klaai fan de kleastermoppen, de fette seeklaai dêr’t se harren jirpels yn ferbouden – allegear komme se út dit heechberchtme.'
 
; Wetterskieding: ''Kreileroard - Warns''
De wetterskieding yn [[Frisia]] mei West-Fryslân waard foarme troch de rivier it [[Fly]]. West-Fryslân lei as in soarte stapstien tusken Hollân en Fryslân. Oer de striid om it gebied spilet de myte fan kening Redbad in grutte rol. Troch stoarmfloedrampen sloegen stikken lân fuort en sa waard de ôfstân hieltyd grutter. Nei de [[Slach by Warns]] waard de skieding mei [[West-Fryslân]] definityf en kaam West-Fryslân noch mear ûnder ynfloed fan de greven fan Hollân.
 
; Macht: ''Burhave - Brongergea''
Syn reis fan Burhave nei Brongerga[[Brongergea]] stie yn it teken fan macht. Yn de Midsiuwen kamen de Friezen út de [[Sân Seelannen|Sân Fryske Seelannen]] mei de pinksterdagen gear by de [[Upstalbeam]] yn [[East-Fryslân]]. Se waarden bûn troch de taal en it Ald Fryske Rjocht. Foar dy wet fan de Fryske frijheid wiene alle Friezen lyk. De skriuwer begrypt neat fan de boargeroarloch tusken [[Skier en Fet]], mar wit wol dat de Friezen doe sels harren ferneamde frijheid ferkwânselen oan de Saksen, de Hollanners en de Habsburgers. It frijheidsstelsel waard yn de tiid fan de Spaanske oerhearsking stadichoan feodaal. Neist de rike stinzen en boargen fan de boppeklasse wie der earmoede yn de turfmakkerij (Damshûs) en kaam it sosjalisme op fan [[Domela Nieuwenhuis]], net fier fan it lusthof fan de Oranjes by [[Brongergea]]. It ûnderskied mei de aadlike Oranjes wie wol wat oars as dat alle Friezen lykweardich wiene. Neffens Van Doorn wiene de Friezen dêr sels ek mei debet oan dat harren frijheid ferlern gie.
 
; Wetterwegen: ''Amsterdam – Easterlittens''