De Friezen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
L red
Rigel 28:
'''''De Friezen''''' - '''''Een geschiedenis''''' is in Nederlânsktalich boek fan [[Flip van Doorn]] út 2021.
 
Yn 2010 ûntflechte skriuwer en [[sjoernalist]] Flip van Doorn de hektyk fan de [[Rânestêd]] en ferfardeferfoer nei [[Drylts]], ien fan de alve Fryske stêden mei in pear tûzen ynwenners. Dêrmei kaam er werom yn it heitelân fan syn pake.
Sûnt syn ferfarren fanút Hollân nei [[Drylts]] besocht Flip van Doorn te begripen wêr’t hy bedarre wie. Op 'e siik nei antwurden makke hy alve tochten troch Fryslân en fier dêrbûten. Yn plakken as [[Warns]], [[Allardseach]] en [[Rinsumageast]], mar ek fier bûten Fryslân yn [[Rome (stêd)|Rome]], de [[Alpen]] en it [[Dútslân|Dútske]] [[Waad]]gebiet stjitte hy op spoaren fan de Friezen en harren mytyske [[Fryske Frijheid]]. Yn it boek fertelt Van Doorn syn eigen ferhaal fan it Fryske folk wêrfan de oarsprong en ynfloed fier foarby de grinzen fan de hjoeddeiske provinsje Fryslân rikke. Net- Friezen jout hy in ynkykje yn dat bûtengewoane stikje Nederlân, en tagelyk hâldt hy de Friezen in spegel foar wêryn ’t se harsels weromkenne: ‘’tsjin de tried yn en tsjinstridich, kreatyf en konservatyf, ûnseker en selsbewust, iepen en sletten, en dat allegear tagelyk’’.
 
Yn alve haadstikken reizget Van Doorn op syn alve-en-tritichst troch Fryslân, in ferwizing nei de alve [[Fryske stêden]] en de tritich [[gritenij]]en. Troch syn pake fielt Flip him foar in kwart Fries, mar bliuwt dochs wat in bûtensteander. It skilt wol dat er it Frysk goed ferstiet en dat er dêrtroch de Friezen goed observearje kin, mar it sit him al wat dwers dat hyer ûndanksnettsjinsteande alle taallessen dochs oansprutsen wurdt op syn skoalske [[Frysk]]. By de beskriuwing fan Fryske stêden giet de oandacht fan Van Doorn út nei [[stânbyld]]en, [[museum]]s en muorreteksten. Dêrbûten hat er omtinken foar it lânskip mei syn wetter, terpen, kwelders, stinzen, greidefûgels en it gea.
De linen mei it ferline spylje in grutte rol yn it boek. Sa reizget de skriuwer nei plakken dy’t neamd wurde yn de [[stambeam]] dy’t er mei help fan ynternet makke hat. It boek giet oer besteande plakken en oer ferhalen fan echte minsken en wurdt ûnderboud mei safolle mooglik feitemateriaal. Hy makke in kar út alles wat er tsjinkaam en keas syn eigen ferhaallinen omdat lang net alles ferteld wurde koe.
 
Rigel 64:
 
; Foarmjûn lânskip: ''It Oranjewâld – It Amelân''
De âldste spoaren fan bewenning fan Noard-Nederlân lizze yn útrinners fan it [[Drintsk Plato]] en dêrmei yn it súdeasten fan Fryslân. It âlde lânskip waard yn de achttjinde iuw op grutte skaal nei de hân fan de minsken set. Neist de oanlis fan bûtenpleatsen soargen de turfgraverij, de [[ûntginning]]s en [[ruilferkaveling]] foar rjochte linen yn it kultuerlânskip. De kwelders toanden deselde strakke en rjochte patroanen fan lânoanmeitsjen. Lykas it lânskip keunstners beynfloedet, sa toane keunstners harren fizy op it lânskip. De natuerlike lânskippen fan skilders as [[Gerrit Benner]] en [[Ids Wiersma]] makken plak foar strakke en abstrakte wurk fan [[De Ploeg]]. Keunstners as [[Louis le Roy]] en [[Claudy Jongstra]] keazen foar gearwurking mei de natoer. Troch festêdlikingfestedsking, de oanlis fan diken en spoaren en skaalfergrutting en it brûken fan keunstdong kaam de natoer mear en mear ûnder druk te stean. De [[hoants]]en en [[greidefûgel]]s as [[ljip]]pen en [[skries|skriezen]] hiene gjin kâns yn in monokultuer mei dêrtusken lytse stikjes oerbleune natoergebieten fan [[It Fryske Gea]].
 
; Hert: ''Ljouwert – Ljouwert''
Mei in boat ferkent Van Doorn de oerbliuwsels fan de eardere [[Middelsee]] dy’t as in soarte trachter Fryslân ynrûn. Hy besiket foar eagen te krijen hoe’t it lânskip fan [[De Swette]] en [[de Boarn]] der eartiids útsjoen moatten hawwe foar de ynpolderings en de opkomst fan de rekreaasje. Van Doorn hat yn syn reizen sneupt nei de essinsje fan de Friezen en harren frijheid, nei de oarsprong fan de stânfêstens, ûnôfhinklikûnôfhinklikens en sin foar lykweardigens dy’t oan harren taskreaun wurde. Nei harren gewoante om harren bern noch altyd tradisjoneel Fryske nammen te jaan en nei harren taal. De feroarings yn Fryslân kamen altyd fan bûtenôf. It wurdt Van Doorn dúdlik dat Fryslân bestiet út in grut tal farianten yn taal, gebrûken en mienskippen. De ienheid bestiet benammen út komponinten mei in eigen karakter. De eartiidsjke selsredsumheid en frijheid fan de terpen hat plak makke foar in yndustrialisearre en mondiaal feriene mienkip. It ferline wurdt bewarre troch [[Tresoar]] en it [[Frysk Museum]]. Van Doorn beslút dat er de Fries yn himsels net langer sykje moat yn it ferline fan de foarâlden, mar yn de takomst en it besef diel út te meitsjen fan de mienskip en dat er de frijheid hat om te gean en te stean wêr 't er mar wol.
 
; Neiwurd
UndanksNettsjinsteande dat Van Doorn net hielendal fûn wat er socht fielt Fryslân as syn thús. Hy bliuwt fereale op Fryslân, ''Altijd ben ik blij'', skriuwt er, ''wanneer op de weg terug naar huis de horizon zich opent, de luchten hoger reiken en de bebouwing schaarser wordt.''
 
{{boarnen|boarnefernijing=