Jirnsumer Moeting: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Tulp8 (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
{{wurk}}
{{Ynfoboks bouwurk
| namme = Jirnsumer Moeting
Line 37 ⟶ 36:
| webside =
}}
'''''Jirnsumer Moeting''''' is in pylgermonumint oan de Ryksstrjitwei yn [[Jirnsum]]. It monumint stiet oan it [[Jabikspaad]] foar de herfoarme [[Mauritiustsjerke (Jirnsum)|Mauritiustsjerke]] yn [[Jirnsum]] oer. It tinkteken stiet op dit plak dêr't de westlike en eastlike rûte fan it Jabikspaad yn Jirnsum gearrinne. Jirnsum leit sûnt [[2000]] op beide routes fan it Jabikspaad, in kuier- en fytstocht fan 150 kilometer fan [[Sint Jabik]] nei [[Hasselt (Oerisel)|Hasselt]].
 
== Jabikspaad ==
It [[Jabikspaad]], de Fryske Pylgerrûte nei Santiago de Compostella, rint fan [[Sint-Jabik]] nei [[Hasselt (Oerisel)|Hasselt]]. It Jabikspaad rint yn Fryslân troch in gebiet fan wêrút tûzenen Friezen yn de midsiuwen ûnder begelieding fan de Ridders fan de Dútske oarder foar krústochten en pylgerreizen ôfsetten nei Jeruzalim en nei [[Santiago de Compostela]]. Ut [[Raerd]] wei komt de wei fanút [[Westergoa]], mei de stêden Frjentsjer, Snits en Boalsert. Ut [[Friens]] en [[Reduzum]] wei komt de wei fanút [[Eastergoa]], mei de stêden [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] en [[Dokkum]]. Om it gearrinnen fan beide rûtes te markearjen is der troch de stifting Jabikspaad Fryslân in pylgermonumint komd.
Feriene fanút Jirnsum folgje de pylgers de rivier de [[Boarn]] en de sânrêgen troch it fean nei [[Stienwyk]] en fierder nei Jeruzalim, Rome of Santiago.
Line 47 ⟶ 46:
Krektas de twa paden dy't by inoar komme, slute de beide mitsele muorredielen op inoar oan. Fan boppen sjoen liket it oft twa wegen as in ritssluting gearrinne om as bredere wei fierder te gean.
 
YnOp 5 juny [[2010]] is it pylgermonumint de ''Jirnsumer Moeting'' by it Jabikspaad ûntbleate. De ûntbleating barde op 5 juny 2010 wie tsien jier nei de iepening fan it Jabikspaad. By de ûntbleating lei oer it monumint in grut wyt kleed mei it opfallend blauwe krús fan Jirnsum. Yn de mande mei in tal opfallend klaaide pylgers helle de Fryske deputearre Hans Konst de kleden fan it monumint en fan it ynformaasjepaniel. Steande op it monumint waard troch 'pylger' Jan Romkes van der Wal in mytysk pygerferhaal ferteld.
 
== Symboalysk ==
Line 64 ⟶ 63:
 
{{boarnen|boarnefernijing=
----
<references/>
}}