COPD: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Behanneling: - leech kopke
Rigel 12:
By groanyske brongitis binne de oarsaken ûntstekkingsprosessen yn de grutte en lytse luchtwegen. De brongusklieren binne fergrutte troch yrritaasje en meitsje te folle slym oan. De ûntstekkings soargje foar groeden yn de wand en skea fan it [[Glêd spierweefsel|glêde spierweefsel]] fan de [[Brongus|brongiën]]. De [[Slymflues|slymfluezen]] swolle op sadat op in gedieltlike obstruksje fan de [[Sykheljen|luchtwegen]] ûntstiet.
 
In [[emfyseem]] ûntstiet roch skansearring fan de [[longblaaske]]s sels. De longblaaskes sitte yn boskjes oan de úteinen fan de lytste luchtwegen (''bronchioli'') en hawwe in frijwat stive struktuer sadat sy iepenstean bliuwe. De brogiolenbrongiolen en de blaaskes wurde lykwol hieltyd slopper troch skansearring fan de gronyske ûntstekking en sille dan earder yn elkoar sakje by de útaseming. De longblaaskes (''alveoli'') wurde hieltyd mear oprutsen en reitsje foar altiten skansearre. It oerflak fan de blaaskeswand, dêr't de útwikseling fan soerstof en koalsoer fan de lucht mei it bloed plak hawwe moat, kin lang om let mei mear as helte ôfnimme.
 
De fierwei wichtichste risikofaktor foar it krijen fan COPD is it smoken fan [[tabak]]. Yn sa'n 80% fan de gefallen wurdt COPD feroarsake troch smoken. Hoe't dat proses krekt ferrint is net folslein bekend. Uteinlik krijt 10-20% fan de smokers COPD. Wa't COPD krije sil is net te foarsizzen. Famyljêre faktoaren spylje in rol en hoefolste mear en langer at immen smookt, hoe grutter de kâns op COPD. De measte COPD-patiënten binne âlder as 40 jier.