Ferskil tusken ferzjes fan "Star Trek: Discovery"

L (korr)
De produksje fan in nije [[tillefyzjesearje]] yn it ramt fan 'e [[Star Trek|''Star Trek''-franchise]] waard op [[2 novimber]] [[2015]] oankundige troch it [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[tillefyzjenetwurk]] [[CBS (tillefyzjenetwurk)|CBS]]. De nije searje borduerre fuort op it súkses fan, mar wie fierders net ferbûn mei de oangeande [[Star Trek#Reboot-filmsearje (Kelvin-tiidline)|''Star Trek''-reboot-filmsearje]]. It wie oarspronklik de bedoeling dat ''Star Trek: Discovery'' yn [[jannewaris]] [[2017]] syn [[premiêre]] belibje soe, koart nei it fyftichjierrich bestean fan 'e [[mediafranchise]] yn [[2016]]. ''Star Trek: Discovery'' wie de earste ''Star Trek''-searje yn tolve jier tiid, sûnt ''[[Star Trek: Enterprise]]'' yn [[2005]] opholden wie.
 
It wie ek de earste ''Star Trek''-searje dy't net (fuortendaliks) op 'e [[tillefyzje]] komme soe, mar alderearst ferskynde fia in [[streaming media|streamingtsjinst]] op it [[ynternet]]. [[Showtime (tillefyzjenetwurk)|Showtime]], [[Netflix]] en [[Amazon Prime]] beaen neffens de berjochten allegear "in protte jild" om it platfoarm te wurden dat ''Star Trek: Discovery'' publisearre, mar CBS keas derfoar om ynstee de eigen streamingtsjinst [[CBS All Access]] te brûken, mei't de [[direksje (bestjoer)|direksje]] fan tinken wie dat "''Star Trek'' de franchise wêze koe om All Access op 'e kaart te setten." Bûten [[Noard-Amearika]] waard foar publikaasje fia Netflix keazen. Fan [[febrewaris]] oant [[maaie]] [[2021]] wiene de earste beide [[seizoen (omrop)|seizoenen]] yn [[Nederlân]] op 'e tillefyzje te sjen op 'e [[tillefyzjestjoerder|stjoerder]] [[Spike Nederlân|Spike]].
[[File:Bryan Fuller at 2016 Comic-Con International.jpg|left|thumb|180px|[[Bryan Fuller]], ien fan 'e betinkers en [[tillefyzjeprodusint|produsinten]] fan ''Star Trek: Discovery''.]]
 
14.302

bewurkings