Ferskil tusken ferzjes fan "Wikipedy:Oerlisside"

1.965 bytes grutter ,  6 moannen lyn
::Wêrom "no", freegje jo. Neffens my hat it altyd al sa west dat behearders mear ferantwurdlikheden hawwe as gewoane meidoggers. Ik bin it mei jo iens dat gewoane meidoggers ek alle rjocht hawwe om mei te tinken oer belied, mar behearders hawwe neffens my net allinne it rjocht, mar ek de plicht om dat te dwaan. [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|oerlis]]) 2 jul 2021, 19.06 (CEST)
:::Steinbach hie op it aljemint brocht dat behearders net fan oare meidoggers ferskille. Ik soe sizze dat behearders wat mear ferantwurdlikheden hawwe as gewoane meidoggers, want oars wêrom soene der behearders wêze moatte op de wiki? --[[Meidogger:Kneppelfreed|Kneppelfreed]] ([[Meidogger oerlis:Kneppelfreed|oerlis]]) 2 jul 2021, 21.03 (CEST)
::::Ja, wêrom soenen der behearders wêze moatte? Eh... om fandalen út te sluten, en siden te skoatteljen en wiskjen faaks? Gewoan, foar de dingen dy't oare meidoggers net dwaan kinne? [[Meidogger:Steinbach|Steinbach]] ([[Meidogger oerlis:Steinbach|oerlis]]) 2 jul 2021, 23.30 (CEST)
 
'''Diskusjepunt''': Wat de beheardersrjochten fan (frijwol) ynaktive behearders oangiet. Wat moatte wy dêrmei dwaan? Of wat kinne wy dêrmei dwaan? [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|oerlis]]) 2 jul 2021, 00.28 (CEST)
:::: {{Ping|Drewes|Tulp8|Ieneach fan 'e Esk|RomkeHoekstra|Theun|Steinbach|Geoffrey|Wutsje}} Ja ik wit ek net presys wat we dwaan moatte. Myn fraach is; wa beneamt de rjochte-útfurders. Ik soe sizze dat guon dy't foar in skoft (in jier) net aktyf binne, harren beheardersstatus ensa kwytreitsje moatte soene. --[[Meidogger:Kneppelfreed|Kneppelfreed]] ([[Meidogger oerlis:Kneppelfreed|oerlis]]) 2 jul 2021, 21.03 (CEST)
::::: {{Ping|Drewes|Tulp8|Ieneach fan 'e Esk|Kneppelfreed|Theun|Steinbach|Geoffrey|Wutsje}} Ieneach fan 'e Esk (of wie it Drewes?) sei it earder goed: in behearder hat spesifike ferantwurdlikheden en dat makket it ferskil tusken in behearder en in gewoane meidogger. Om dy ferantwurdlikens út te oefenjen sil in behearder him der wol regelmjittich by jaan moatte. Hoe regelmjittich dat wêze moat, kin in punt fan diskusje wêze. Mar sûnder reden in jier of sels noch langer weibliuwe fyn ik foar in behearder fierstente lang. Want wat beheare dy behearders dan? Of soene wy oars hjir in spesifike kategory 'behearders foar ûnbepaalde tiid yn ruste' hawwe moatte? Dat ik bin it mei Kneppelfreed iens dat de beheardersstatus ferfalle moat as in behearder hjir in skoft net west hat. As hja harren dan letter wer oanmelde, dan soene hja dan de beheardersstatus altiten op 'e nij oanfreegje kinne.--[[Meidogger:RomkeHoekstra|RomkeHoekstra]] ([[Meidogger oerlis:RomkeHoekstra|oerlis]]) 2 jul 2021, 22.39 (CEST)
 
:'Wrok' fan aktive behearders om't dy oaren neat mear dwaan? Wat in minne minske moatte je dan wêze... Echt hear, sjogge jim it behearderskap as in soart earetitel of sa? As de aktive behearders no omkomme soenen in har wurk, dan soe ik der noch wat fan snappe, mar dat is op it stuit no net echt it gefal. En fierders, dan liket it mei earder saak om wat mear aktive meidoggers behearder te meitsjen as om der in paar fuort te dwaan. Dan is der ek noch de fraach wat dy behearders dan noch 'beheare'. Dat is yn wisse mjitte in taalspulke. 'Behearder' is gewoan de namme dy't oait, lang lyn, oan dy funksje joen is. Echt in goede beskriuwing is it net.
:Nochris: ik fyn it best as jim yn konsensus beslute dat ik en wat oaren myn rjochten mar opjaan moatte. Mar ik sjoch by God net yn wat de Fryske Wikipedia dêroan hat. Misbruke wy dy rjochten faaks? Stel no, dat de twa oerbliuwende aktive behearders allebei mei ferkansje binne (en net hieltyd op har smartphone Wikipedia byhâlde) en jo krije last mei fandalen. Dan kinne jim no noch freegje: Steinbach, kinst asteblyft efkes helpe? Of as jim gelok hawwe sjoch ik it sels. As ik dy rjochten net mear haw, kin dat net mear. En dat alles foar dy behearder dy't wrok fiele koe?
:Ik sil jim fierders noch wat sizze. Dit sil wol wer in einleaze dikusje wurde. Ik fyn dat sûn fan myn tiid, en dy fan jim. Al dy tiid dy't je steke yn prate oer beheardersrjochten al of net ofnimmen, kin net mear oan de ensiklopedy útjoen (?) wurde. Ik lûk my derút werom; dan hear ik wol of ik dy rjochten hâlde mei of net. Let wol: dat jildt allinich foar dit spesifike diskusjepunt. Ik fyn fansels net dat alle diskusjes ûnnedich binne.
 
== Wikimania 2021: Individual Program Submissions ==
669

bewurkings