Symfony: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Read op 'e Haadside? Dêr sille we ris wat oan dwaan, al soe ik allang yn bêd lizze moatte.
 
L ?
Rigel 7:
Yn 'e [[klassike muzyk|klassike periode]] nimt it sjenre in grutte flucht. Dit is foarearst de fertsjinste fan [[Joseph Haydn]], dy't de earder sa wennich pretensjeuze symfony tiger serjeus nimt. Hy sil der úteinlik 106 komponearje. By Haydn wurdt it ek normaal, dat symfoniën in menuet ''en'' in fluch slotdiel hawwe; se krije dus fjouwer dielen. Haydn syn styl fynt in hiel Europa neifolging, ek by [[Wolfgang Amadeus Mozart]], fan wy de lêste trije symfoniën as grutte masterwurken jilde.
 
De natuerlike opfolger fan Haydn is [[Ludwig van Beethoven]]. Foar him is de symfony, njonken it [[striikkwartet]] en de [[pianosonate]], it sjenre der't hy de measte kreative oandacht oan jout. Hy skriuwt 'mar' negennjoggen komplete symfoniën (al begjint er oan tsientallen), mar hast eltse symfony dy't er komponearret is in nije muzikale revolúsje.
 
Nei Beethoven komt de symfony, op eltse fal yn Dútsklân, in bytsje yn ferfal. Komponisten lykas [[Felix Mendelssohn]] en [[Robert Schumann]] skriuwe al symfoniën, mar dy wurde hjoed net mêr as masterwurken beskôge en binne ek net sa wichtich in hun totale wurk. Wichtiger foar de ûntwikling fan 'e symfony is de Fransoos [[Hector Berlioz]], dy't yn syn ''Symphonie phantastique'' it sjenre definityf de [[romantyk]] in bringt en út syn formiele bannen befrijt. We meie ek [[Joachim Raff]] net ferjitte, in neifolger fan Mendelssohn fan wy it wurk in syn tiid in soad spyld wurdt.