Symfony: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L ?
LNo edit summary
Rigel 3:
It wurd ''symfony'' komt fan it Grykske ''symphonia'', wurdlik 'tegearreklinken'. Earder hie dit wurd in tal oare betsjuttings yn de muzyk. Sa rûn 1700 is ''sinfonia'' yn Itaalje de brúklike namme foar in [[ouverture]]: it instrumentale begjin fan in opera, kantate of oare fokale komposysje. It idee derefter is dat alle instruminten dy't it wurk foarskriuwt, oan it begjin tegearreklinke.
 
Sa oan in ein fan 'e [[barok]] wurde der foar it earst selsstannige symfoniën skreaun. Dy folge yn 'e regel it patroon gau - stadich - gau, wat foar de Italjaanske ouverture normaal is. De trije dielen kinne sûnder ûnderbrekking spyld wurde, mar yn 'e rin fan 'e tiid wurde trije losse dielen normaler. It lêste diel is soms in [[menuet]]. Sa ûntwikkelt de symfony him yn it [[rokoko]] fierder, by komponisten lykas [[Giovanni Battista Sammartini]], [[Georg Christoph Wagenseil]], [[Matthias Georg Monn]] en [[Johann Stamitz|Johann]] en [[Carl Stamitz]] (heit en soan). De âlde Stamitz is grûnlizzer fan wat memen de [[Mannheimer Skoalle]] neamt, in tige ynfloedrike groep komponisten fan ynstrumentale muzyk.
 
Yn 'e [[klassike muzyk|klassike periode]] nimt it sjenre in grutte flucht. Dit is foarearst de fertsjinste fan [[Joseph Haydn]], dy't de earder sa wennich pretensjeuze symfony tiger serjeus nimt. Hy sil der úteinlik 106 komponearje. By Haydn wurdt it ek normaal, dat symfoniën in menuet ''en'' in fluch slotdiel hawwe; se krije dus fjouwer dielen. Haydn syn styl fynt in hiel Europa neifolging, ek by [[Wolfgang Amadeus Mozart]], fan wy de lêste trije symfoniën as grutte masterwurken jilde.