Mark Norman: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
NL
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 11 jul 2021 om 11.23

Mark Norman is in Nederlânske producer- en diskjockey-duo dat meast trancemuzyk makket en oer de hiele wrâld yn clubs en op eveneminten optredet.

Oan dizze side wurdt noch wurke!

Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út
oant de skriuwer mei de side klear is.


Biografy

Yn 1995 kamen Mark de Jong en Norman Lenden elkoar yn de kunde op de middelbere skoalle yn Zoetermeer. Dêrnei ferfarde Norman Lenden om syn stúdzje nei Fryslân. De Jong studearre yn 2002 ôf as kommersjeel yngenieur oan de HTS yn De Haach, wylst Lenden ôfstudearre oan de HBO foar Leisure Management yn Ljouwert. Norman organisearre ek grutte feesten yn Ljouwert.

Yn 2001 bringe se harren earste plaat út, mei de titel Splash!. De plaat wurdt oppikt troch de Ingelske dj Judge Jules, mar harren earste grutte súkses kaam yn 2002 mei de ferskining fan Overkill. Dizze undergroundplaat stie yn alle Nederlânske dancelisten op nûmer 1 en helle in notearring yn de Single Top 100. Ek yn it bûtelân hie de plaat. Hjirnei folgen Total Seduction en Faith.

Yn 2003 tekenen de beide producers in platekontrakt by platemaatskippij Black Hole Recordings, mei oprjochte troch DJ Tiesto, en bringe se harren earste plaat, mei de titel Stream, út op it platelabel Magik Muzik. Ek dy plaat helle de nûmer 1 posysje yn de dancecharts, krektas Rush, Touchdown en T 34. Yn datselde jier waarden se beneeamd ta oanstoarmjend talint by de Dutch DJ Awards.

Dan doe ôf besleaten de twa om har neist it produsearjen te rjochtsjen op it dj'en. Norman Lenden naam dy taak op him en waard mear it oansjen fan Mark Norman, wylst Mark de Jong him mear rjochtet op de produksjes. Yn 2004 wûn Mark Norman de Fryske poppriis, makken se in remiks fan Tiesto syn hit Love comes again en brochten se harren súksesfolle clubplaat Phantom Manor út. Boppedat mjukst Mark Norman yn 2004 de súksesfolle ‘’In Trance we Trust 009’’ kompilaasje. Yn 2005 krige de Haachske dj alle moannen in residinsje yn club Eau en waard hy residint dj by GoodGreef yn it Feriene Keninkryk. Teffens starten hja in gearwurking mei it orkest Basic XL. Yn 2005 treden se tegearre op yn teäter de Harmonie yn Ljouwert.

Synchronicity wie it debútalbum fan Mark Norman en kaam yn 2005 út. Yn 2006 gie hy tachtich dagen de wrâld oer. Mei 24 optredens yn 23 lannen wie it ien fan de meast unike konsepten fan 2006 yn de ynternasjonale dancewrâld. Yn 2007 kaam it twadde album út, titele Colours. Neist eigen produksjes hie Norman ferskate artysten remjukse, lykas Tiesto, Paul Oakenfold, , Blank & Jones, Andain, Signum en in soad oaren.

Yn 2008 mjukst Mark Norman in mjukskompilaasje ‘’Mark Norman - Live in Dubai’’ foar it platelabel Daxar Music út Dubai. Yn 2010 wurke Norman gear mei koreograaf Uri Eugenio foar it Holland Dance Festival. Tegearre fersoargen hja de muzyk en koreografy foar in dûnsfideo útfierd troch amateurdûnsers . Yn 2013 trof Mark Norman Mike Schmid, de toetsenist fan Miley Cyrus. Tegearre namen se de plaat en muzykfideo ´Locked Inside´ op.

Mark Norman draaide yn foaroansteande clubs as Tomorrowland Mystery Land en Dance Valley.

Utjeften

  • Mark Norman featuring Mike Schmid - Locked inside
  • Rebound
  • Clash
  • Cheeky Monday
  • Class of '99
  • Actual Events
  • Fobiac
  • Sonor
  • Confuse
  • Coffee Break
  • Life's too Short
  • Restart
  • Bazarus
  • Space Invaders
  • Horizons
  • Talk Like A Stranger
  • Be With U
  • Niagara
  • Mark Norman feat. JES - One Moon Circling
  • Blikken Machine
  • Become Human
  • Saint Barth's
  • Ventura
  • Abend
  • Mark Norman presents Celine - Colour my Eyes
  • Brasilia
  • Touchdown
  • T34 / Teardrops
  • Rush
  • Phantom Manor
  • Overkill
  • Shine
  • Stream
  • Tell me
  • Intimate Gesture
  • Faith
  • Instinctive
  • Total Seduction
  • Return 2 Eden
  • Feelings
  • Above!
  • X Fader
  • Splash

Remjuksen

  • Andain - Beautiful Things
  • Myon - Albion
  • Jan Johnston - Obsession
  • ATB - Justify
  • Paul Oakenfold - No Compromise
  • Tiesto - Love comes again
  • Blank and Jones - Mind of the Wonderful
  • DJ Sammy - Rise Again
  • The Freak - Above the Clouds
  • Smith & Pledger - Forever
  • Precision - Another Situatin
  • Marc et Claude – Free
  • Signum - First Strike
  • Dj Joop – Sonsuz
  • Don Diablo

Albums

  • Mark Norman Live in Dubai (2008)
  • Colours (2007)
  • Around the world in 80 days (2006)
  • Synchronicity (2005)
  • In Trance We Trust 009 (2004)

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: