Wikipedy:Oerlisside: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 792:
 
:{{Ping|Ieneach fan 'e Esk|RomkeHoekstra|Drewes}} Ja ik haw ek skjin myn nocht fan dit einleas gedoch. We kinne ús tiid folle better besteegje op dizze wiki. Ik soe sizze dat we mar ophâlde moatte dy oare behearders oan de hieren te skuorren. Litte we mar gewoan troch gean sa't we it diene. As der wat op it aljemint komt, kin der troch de op dat stuit warbere meidoggers oer stimd wurde sa't we dien hiene mei de "fraach wol of net ferfryskjen fan plaknammen bûten Fryslân". Ik tink ek sa't Ieneach fan 'e Esk op de oerlisside fan Drewes skreaun hat om him en Drewes troch {{Ping|Theun}} as rjochte-útfurders beneamd wurde soene. Dan kinne we tenminsten ús eigen beantsjes noch dopje.--[[Meidogger:Kneppelfreed|Kneppelfreed]] ([[Meidogger oerlis:Kneppelfreed|oerlis]]) 4 jul 2021, 04.25 (CEST)
 
=== Antwurd fan Kening Aldgilles ===
Sorry minsken foar myn lette antwurd! Dat muoit my echt tige. Ik bin noch regelmjittich aktyf op Wikipedy, soms hjir en soms by oare projekten. Myn aktiviteit op de Fryske Wikipedy is minder wurden, mar it kin yn 'e takomst ek samar wer mear wurde. Myn plichten as rjochtenútfurder wol ik mei alle leafde wol útfieren bliuwe. Myn hert leit noch altyd by de Fryske Wikipedy, mar omdat de lytsere projekten myn help hurder nedich hienen, wie ik foaral dêr aktyf. Dy oare projekten wienen likegoed Fryske projekten, út East- en Noard-Fryslân. Dus allegear foar de goede saak.
 
Der is wat betizing oer wat rjochtenútfurders en behearders dogge en hoe't berjochten (templates) byhâlden wurde. Hjirûnder wol ik eefkes yngean op dy trije dingen:
 
#'''Rjochtenútfurder''': De rjochtenútfurder beheart de beheardersrollen. Mear is it net. Omdat in rjochtenútfurder in hiele protte kin, is it belangryk dat dy persoan tige ynteger is. Aliter hat my de rjochten jûn en Theun haw ik persoanlik troffen.
#'''Behearders''': De behearders kinne siden wiskje en ûnbekende IP-adressen blokkearje. De behearders hâlde misbrûk/fandalisme yn 'e gaten.
#'''Berjochten''': De berjochten of ''templates'' kin sa'n bytsje elkenien meitsje en bewurkje. De Wikipedy is ommers iepen. Dat hat syn foardielen én syn beheinings. Lit ús net tefolle yn beheinings tinke, want dat is de deastek foar sa'n kreatyf projekt.
 
As der nije behearders komme moatte, jou mar lûd. Ik sil sa'n fersyk yn 'e groep goaie sadat elkenien syn stim/miening jaan kin. Dan sil ik altyd de wil fan de mearderheid útfiere, salang't der gjin sprake is fan in ''fijanlike ynvaazje fan bûten''... Moatte der nije behearders komme? Moat ik sa'n fersyk yn 'e groep goaie?
 
It opheffen fan ''rjochtenútfurdersrjochten'' is net sa maklik. As ien fan jim wol dat Aliter gjin rjochtenútfurder mear is, dan wol ik wol meiwurkje oan dat fersyk. De reden wêrom't ik dat wol dwaan is dat Aliter de lêste tsien jier net folle mear dien hat. Ik set dan in berjocht mei in warskôging op syn oerlisside. As hy nei in healjier noch net reagearre hat, kinne wy in fersyk op in heger nivo dellizze om syn rjochten as rjochtenútfurder yn te lûken. Wêrom sa lang de tiid nimme? Omdat in fersyk ta it ynlûken fan ''rjochtenútfurdersrjochten'' ferhipte goed ûnderboud wêze moat. Wolle wy dat proses opstarte?
 
Ik wol ek wol meiwurkje oan in fersyk om nije rjochtenútfurders oan te wizen. Sa't ik skreaun haw, in rjochtenútfurders hat mar ien taak en dat is it oanwizen fan nije behearders. Fansels soe ik ek wol in bakje kofje mei dy persoan drinke wolle. Eefkes yn 'e kunde komme. Dat liket my tige wichtich ta omdat it ynternet al sa ferrekte ûnpersoanlik is. Hawwe wy ferlet fan mear rjochtenútfurders?
 
Mei in golle groetnis --[[Meidogger:Kening Aldgilles|Kening Aldgilles]] ([[Meidogger oerlis:Kening Aldgilles|oerlis]]) 11 jul 2021, 12.33 (CEST)
 
== Wikimania 2021: Individual Program Submissions ==