Wikipedy:Oerlisside: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 806:
It opheffen fan ''rjochtenútfurdersrjochten'' is net sa maklik. As ien fan jim wol dat Aliter gjin rjochtenútfurder mear is, dan wol ik wol meiwurkje oan dat fersyk. De reden wêrom't ik dat wol dwaan is dat Aliter de lêste tsien jier net folle mear dien hat. Ik set dan in berjocht mei in warskôging op syn oerlisside. As hy nei in healjier noch net reagearre hat, kinne wy in fersyk op in heger nivo dellizze om syn rjochten as rjochtenútfurder yn te lûken. Wêrom sa lang de tiid nimme? Omdat in fersyk ta it ynlûken fan ''rjochtenútfurdersrjochten'' ferhipte goed ûnderboud wêze moat. Wolle wy dat proses opstarte?
 
Ik wol ek wol meiwurkje oan in fersyk om nije rjochtenútfurders oan te wizen. Sa't ik skreaun haw, in rjochtenútfurdersrjochtenútfurder hat mar ien taak en dat is it oanwizen fan nije behearders. Fansels soe ik ek wol in bakje kofje mei dy persoan drinke wolle. Eefkes yn 'e kunde komme. Dat liket my tige wichtich ta omdat it ynternet al sa ferrekte ûnpersoanlik is. Hawwe wy ferlet fan mear rjochtenútfurders?
 
Mei in golle groetnis --[[Meidogger:Kening Aldgilles|Kening Aldgilles]] ([[Meidogger oerlis:Kening Aldgilles|oerlis]]) 11 jul 2021, 12.33 (CEST)