Rykswei 7: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red en oanfolling
→‎Rin: typfl
 
Rigel 7:
 
== Rin ==
De A7 begjint by it [[Knooppunt Saandam]] dêr't er fuortkomt út de [[N7]] en oanslút op de [[A8]]. Dêrwei rint er oer [[Purmerein]], [[Hoarn (Noard-Hollân)|Hoarn]], troch de [[Wieringermar]], by [[Den Oever]] lâns oer de [[Ofslútdyk]] hinne. By [[Surch]] leit om ôfslach 15 hinne it [[Knooppunt Surch]] mei ferbining mei de [[A31]] nei [[Harns (stêd)|Harns]] en [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Dêrnei rint er oer [[Boalsert]] nei [[Snits]] ta. By Snits slút de A7 oan op de N7 dy't dêr om de stêd hinne giet en foarmet er in part fan de [[Ring Snits]]. Oan de oare kant fan de stêd begjint de A7 wer. By [[De Jouwer]], tusken ôfslach 23 en 25, leit it [[Knooppunt De Jouwer]] mei oansluting op de [[A6]] nei [[Emmeloard]]. By [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]] leit tusken ôfslach 26 en 26a it [[Knooppunt It Hearrenfean]], mei ferbining mei de [[A32]], nei Ljouwert en [[Swol]]. Dêrnei rint er by [[Drachten]] del en de ôfslaggen 30 en 30a foarmje it [[knooppunt Drachten]] mei in ferbining mei de [[Rykswei 31|N31]] nei Ljouwert ta en de [[N381]] nei [[Easterwâlde (Fryslân)|Easterwâlde]] en [[Emmen]]. Dêrnei rint er by [[Fryske Peallen]] en [[De Like]] del nei [[Grins (stêd)|Grins]] ta. By Grins slút de A7 op [[Knooppunt Julianaplein]], mei ferbining mei de [[Rykswei 28|A28]] en de N7. Oan de oare kant fan de stêd begjint de A7 wer by it [[Knooppunt Jeropaplein]] en rint er oer [[Hegesân]], [[Wynskoat]] dan fierder nei [[Bad Nijeskâns]] oer de grins hinne dêr't er as [[Bundesautobahn 280]] fierder giet oant [[Dreieck Bunde]], dêr't er oanslút op [[Bundesautobahn 31]], dy't in ferbining fan it [[Ruhrgebiet]] mei [[East-Fryslân]] foarmet.
 
== Rûteferoaring Saandam ==