De Jouwer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 28:
=== Ferkear en ferfier ===
[[Ofbyld:De Jouwer yn 1728.jpg|thumb|De Jouwer yn 1728.<br> Heremastate is oriïntearre op de Midstrjitte en op de Sylroede. De Hurddraverdyk bestie noch net. De Skien wie der al, dy ferbûn De Jouwer mei de ferbiningwei oer de Pleistosene sânrêch nei Sint Nyk, Sleat en De Lemmer. Goed te sjen is de struktuer fan de Midstrjitte en it wetter fan de Jouster Sylroede/Hurdspytsje, in ferbining mei opfearten en stegen]]
De Jouwer leit foar in part op in sânrêch en op in âlde wetterkearing (ein fan de Midsiuwen) dy't fan [[It Tolhûs (De Jouwer)|It Tolhûs]] nei Haskerhoarne rûn, op de krún fan dy dyk waard de lettere Midstrjitte oanlein. Om 1400 hinne waarden in soad kanalen groeven foar Hamburchfarders. Dy sochten in plak op skreiershoek, dat troch kanalen en lûkhynders te berikken wie, omdat dizze plakken relatyf feilich wiene foar de freze [[Noarmannen]]. Doe is ek [[De Kolk (De Jouwer)|de Kolk]] groeven; fan de Kolk ôf waard in farwei [[Hurdspytsje]] nei It Hearrenfean groeven. Guon strjitnammen (lykas "[[Eeltsjebaes]], [[Aukebaes]] en Hettebaes") ferwize noch nei de hellingen dêr't eartiids nije skûtsjes en preammen boud waarden, mar ek in soad reparaasjes dien waarden. Foar de Twadde Wrâldoarloch lei De Jouwer oan in grut tramwei-netwurk. Dêrtroch wie De Jouwer ferbûn mei Snits, De Lemmer en It Hearrenfean. De Stationsstrjitte is in strjitnamme út dy tiid. In nijsgjirrich detail is, dat der foar de oanlis fan dit spoar earst wegen oanlein wurde moasten. De Tramwei ferwiist der noch nei. Yn de tiid dêrfoar gie alle ferfier oer wetter.
De Jouwer is yn de [[Midsiuwen]] ûntstien as útbuorren fan it tsjerkedoarp [[Westermar]], dêr't allinnich de toer op it krektsa neamde âlde tsjerkhôf noch oan tinken docht. It plak is fanâlds gjin stêd, mar ek wer te grut om in doarp neamde wurde te kinnen. Nei Ald-Fryske tradysje wurdt sa'n plak in ''[[Flekke|vlecke]]'' neamd. Oer de oarsprong fan de namme De Jouwer binne ferskate teoryen. Fakentiden wurdt tocht dat it fan de nôtsoarte ''hjouwer'' komt.<ref>"[http://www2.tresoar.nl/digicollectie/object.php?object=34&toon=252 tresoar.nl]," Friesland, Jacob van Deventer, 1545-1559, facsimile Kaartnr. KvF 51d ter, Tresoar</ref><ref>"[http://www2.tresoar.nl/digicollectie/object.php?object=34&toon=018 tresour.nl]," Friesland, Groningen en Drenthe, kaartnr. 13367, Tresoar</ref> In oare teory is lykwols de namme fan it wurd ''ghebhara'' komt, dat [[Germaanske talen|Germaansk]] foar ''wetter'' is. De lêste is wierskynliker, fanwege de wetterrike omkriten fan De Jouwer.
Oant de achttjinde iuw wie it wetter de bêste ferkearsferbining. Der wiene amperoan diken, útsein op de pleistosene sânrêgen as fan [[Tsjerkgaast]], [[Sint-Nyk]], [[De Rylst]] en De Heide nei De Jouwer. In oare ferbining wie der oer in tal diken lykas de Alde Slachtedyk fan [[Aldskou]] nei de Jouwer en de dyk fan Haskerhoarne nei [[Aldehaske]] en fierder nei it easten.