Ferskil tusken ferzjes fan "Wikipedy:Oerlisside"

 
:Dan haw ik noch al in fraach oan jo. Jo sizze dat jo aktyf binne op oare projekten. Dat is hartstikkene moai, dêr wol ik fierders neat fan sizze. Wêr't ik wol in probleem mei haw, is dat jo pas reägearje trije wiken en trije dagen nei't der in berjocht op jo oerlisside pleatst is. Jo sizze wol fan "jou mar lûd", mar as jo dan pas trije wiken letter reägearje, binne jo sa goed as ûnberikber. Wat ik no wolris witte wolle soe is: wêrom reägearje jo net earder? Want as ien by my in berjocht op 'e oerlisside set, krij ik dat gewoan op 'e e-mail binnen: "Dy-en-dy hat op jo oerlisside op 'e Wikipedy in berjocht foar jo efterlitten." Dus jo moatte dochs grif al trije wike lyn witten hawwe dat der wat wie? [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|oerlis]]) 12 jul 2021, 00.06 (CEST)
 
::Bêste Ieaneach, it yn 'e gaten hâlden fan oare behearders en rjochtenútfurders is no krekt de iennichste 'ferplichting' dy't heart by it ''rjochte-útfurderskip''. ;-) Fierders bringt dy rol gjin inkelde oare ferplichting mei him mei. Omdat Theun syn rjochten ynleveret en Aliter, Drewes, do en ik de nije rjochte-útfurders wurde, kinne wy it om my ek wol sa litte. Ik kin Aliter altyd noch freegje oft hy syn rjochten as rjochte-útfurder behâlde wol? Trije as fjouwer rjochte-útfurders is my bêst genôch.
 
::De e-mailfunksje haw ik bewust útskeakele. Ik soe oars gek wurde fan alle e-mails en dêrtroch fan projekt nei projekt skeakelje moatte, sûnder echt wurk dien te meitsjen. Trije wiken is ek wol wat lang. Dêr hast gelyk oan. Groetnis --[[Meidogger:Kening Aldgilles|Kening Aldgilles]] ([[Meidogger oerlis:Kening Aldgilles|oerlis]]) 12 jul 2021, 13.31 (CEST)
 
== Wikimania 2021: Individual Program Submissions ==