Eastfrysk (Nederdútsk): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Grwen (oerlis | bydragen)
No edit summary
No edit summary
Rigel 9:
 
Hoewol't men it Grinslânsk en Eastfrysk Plat as ien dialekt sjen kin, wurde de beide talen dochs oars skreaun. De ferskillende skriuwwizen binne ûnder ynfloed fan de standerttalen Nederlânsk en Dútsk ûntstien.
 
== Dialekten ==
De dialekten fan it Eastfrysk Plat kinne fan doarp ta doarp ferskille. Meast binne dy ferskillen net botte grut. It Frysk Plat hat winliken twa haaddialekten. Yn it easten fan it taalgebiet wurdt it Harlingerlanner Plat sprutsen, it lytsere haaddialekt. It dialektgebiet komt sawat oerien mei it hjoeddeistige [[Landkreis Wittmund]]. Dy dialekten komme sterker oerien mei de buordialekten fan it Nederdútsk en der is gjin hurde grins ta it Jeverlanner en Aldenboarger Plat. De westlike dialekten ferskille sterk fan it Nederdútsk fan Aldenboarch en it Iemslân. Fan de westlike dialekten steane it Reiderlanner en Boarkumer Plat hiel tichtby it [[Grinslânsk]].
 
Foar bûtensteanders wurdt it ferskil tusken it Harlinger Plat en de westlike dialekten gau dúdlik troch it wurdsje foar ''prate''. Yn it Harlingerlân sizze se ''schnacken''', krekt as de dialektpraters tusken Aldenboarch en Sleeswyk. De oare Eastfriezen sizze allegear ''proten''. De dialektgrins fan de beide haaddialekten komt suver ien-op-ien oerien mei de dialektgrins fan it [[Aldfrysk]], mei it [[Iemsfrysk]] yn it westen en it [[Wezerfrysk]] yn it easten.
 
Yn in publikaasje fan [[Marron Curtis Fort]] oer it dialektferskaat fan it Grinslânsk, Eastfrysk Plat en Sealterfrysk wurde in stikmannich eksimpels jûn út de doarpen/eilannen: [[Boarkum]], [[Bunde]] ([[Reiderlân (regio)|Reiderlân]]), [[Auwerk]], [[Baltrum]], [[Wittmund]] ([[Harlingerlân]]) en [[Rhauderfehn]].<ref>Marron C. Fort: [http://www.bis.uni-oldenburg.de/bisverlag/hv1/9a2-fort.pdf ''Niederdeutsch und Friesisch zwischen Lauwerzee und Weser.''].</ref>
 
== Skiednis ==