Hosty: ferskil tusken ferzjes

4 bytes grutter ,  11 moannen lyn
st.
(hmm..)
(st.)
 
[[Ofbyld:Hostia i komunikanty.JPG|thumb|right|300px|Lytse en grutte hosty]]
It wurd '''hosty''' komt fan it [[Latyn]]ske Se Hostia dat slachtoffer betsjut. Hosty en it [[eucharisty]] bloed yn de mistsjelk wurde neffensde [[Katolike Tsjerke|katolike]] opfetting yn de [[misse]] offere. Yn de Katolike tsjerke brekt de [[preester]] yn de Mis de Hosty yn stikken, lykas [[Jezus Kristus]] ek syn lichem dielde (om oan syn [[apostel]]s te jaan), en dielt dizze út oan de parochianen by de [[kommuny]]. Katoliken leauwe dat nei de [[epiklese]] en de [[konsekraasje]] de hosty echt feroare is yn it lichem fan Jezus. De hosty wurdt ek oanbidden en kultysk brûkt, dit omdat nei de ferrizenis fan Jezus syn lichem net mear skieden wurde kin fan bloed, [[siel (geast)|siel]] en godheid. ([[transsubstantiaasjetranssubstansjaasje]])
De hosty wurdt yn [[Nederlân]] en [[Belgje]] en in pear oare lannen troch de parochiaan oanpakt en nei de mûle ta brocht, mar yn froegere tiden mochten de parochianen de hosty net oanreitsje. De preester en somtiden de [[diaken]] lei de hosty op de tonge fan de parochiaan. Yn de measte lannen is dit noch altyd sa.<br>
De eastlike katolike tsjerken en de [[East-Ortodokse Tsjerke|Ortodokse tsjerken]] leauwe itselde as de katoliken, mar sy brûke krekt as de [[protestanten]] gewoane bôle dat yn stikjes op in kostber [[pateen]] lein wurdt. De easterske tsjerken jouwe de hosty ek wol mei in leppeltsje. Sy stopje de [[bôle]] earst yn de tsjelk en dogge it dan op de tonge fan de parochiaan.