Bouhoeke: ferskil tusken ferzjes

10 bytes grutter ,  1 jier lyn
kat?
(omst 2015)
(kat?)
 
De '''Bouhoeke''' is it bougebiet yn it noarden fan [[Fryslân]]. It gebiet leit rûchwei benoarden de snelwei [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] - [[Frjentsjer]] - [[Harns (stêd)|Harns]]. Eastlik fan Ljouwert, yn 'e kuststripe tusken [[it Bilt]] en it [[Lauwersmar]]gebiet (mei as súdgrins de rûngeare line Ljouwert - [[Dokkum]] - [[Ingwierrum]]), wurdt ek oan bou dien, mar dy krite wurdt ornaris net ta de Bouhoeke rekkene. De [[Marneslinke]], tusken Harns, [[Surch]] en [[Wytmarsum]], dy't ierdrykskundich sjoen losstiet fan 'e rest fan 'e Bouhoeke, wurdt ek wol de [[Lytse Bouhoeke]] neamd.
 
Op de klaaigrûn wurde benammen [[jirpel]]s, [[sûkerbyt|sûkerbiten]], [[nôt]] en [[koalsie]] ferboud. Benammen yn [[It Bilt]] is it lânskip beynfloede troch it wurk en de hannel yn de [[bouikkerbou]]. It gebiet is in mozayk fan perselen boulân en pleatsen mei grutte skuorren, dêr't de jirpels en it oare gewaaks opslein wurdt.
 
Sûnt it ûntstean fan de bou oant de [[18e iuw]] is der net folle feroare yn dit gebiet. Yn de [[19e iuw]] kaam de [[jirpelbou]] op en spesjalisearren de boeren har. Troch tanimmende meganisaasje yn de [[20e iuw]] binne in soad minsken fan 'de klaai' ferhuze en rekke it gebiet mear ûntfolke. It oantal foarsjennings waard dêrtroch lytser.
 
Sûnt de [[21e iuw]] wurde der ek in soad wynmoleparken delsetten omdat it yn de bouhoeke in soad waait en der minder minsken lêst fan hawwe as yn tichtbefolke gebieten.
 
[[Kategory:Diel fan Fryslân]]
[[Kategory:BouLânbou]]