Kartago: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
"Dishekel_hispano-cartaginés-2.jpg" is op Commons fuorthelle Ellywa om't: per c:Commons:Deletion requests/File:Dishekel hispano-cartaginés-2.jpg.
 
Rigel 25:
 
=== Punyske Republyk ===
 
[[Ofbyld:Dishekel hispano-cartaginés-2.jpg|thumb|Kartaachske sjekel mei oan de foarkant de Punyske god Melkart (lykweardich oan Herkules) en oan de efterkant en man mei in oaljefant]]
Nei't it Fenisyske heitelân tusken 550 en 500 f.Kr. ûnder ynfloed fan it [[Perzyske Ryk]] kaam, en [[Tyrus]] syn hannel beheind ta it eastlik Middellânske Seegebiet waard, ûntjoech Kartago him ta in wichtige seemacht yn it westlike Middellânske Seegebiet. In soad Fenisyske hannelskoloanjes kamen ûnder Kartaachsk bestjoer en dy stiften ek sels wer nije koloanjes. Ek op de Marokkaanske kust fan de [[Atlantyske Oseaan]] waarden hannelsposten stifte. Ek waarden der ekspedysjes útfierd oant de Britske eilannen en de [[Golf fan Guinea]] ta. [[Hanno de Seefarder]] spile dêrby in wichtige rôl en dy beskreau de lânseigen folken. Neffens guon skiedskriuwers reizge er om gâns [[Afrika]] hinne yn opdracht fan de [[farao]] fan [[Alde Egypte|Egypte]].