Wytsingen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Noarmannen gongber
Rigel 1:
[[Ofbyld:Wikinger.jpg|right|thumb|Midsiuwske ôfbylding fan Wytsingdrakaars]]
 
De '''Wytsingen''', ''Wytsings'', ''Wytsingers'' of '''Noarmannen''' wienen [[Skandinaavje|Skandinavyske]] bewenners fan Súd-[[Noarwegen]], [[Sweden]] en [[Denemarken]]. Sy ferskynden op de ein fan de [[8e iuw]] foar de kusten fan West-Jeropa, yn it earstoan as seerôvers en plonderers, mar letter ek as feroverers, stifters fan steaten en betiden as hannelders. Ek yn East-Jeropa lieten sy fan harren hearre. It tiidrek dêr't sy yn foarkomme einiget yn de [[11e iuw]] en oant dy tiid hawwe sy in spoar fan ferwoasting efterlitten.
 
De Wytsingen wienen in kloft fan [[Germanen|Germaanske folken]], dêr't sprake wie fan in grutte kulturele ienheid, benammen op sosjaal en ekonomysk flak, taalkundich (it [[Aldnoarsk]]) en op it mêd fan [[religy]]: [[panteïsme]] of [[polyteïsme]]. Nei ferrin fan tiid wie der wol sprake fan ferskil tusken de ferskate groepen. Ek wie der striid ûnderinoar en bestienen allegear selsstannige foarstedommen.