Helen Duval: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Ciell (oerlis | bydragen)
Verwijdering van informatie ivm AVG/GDPR, er zijn geen goede bronnen die deze naam noemen
Rigel 4:
| ôfbyldingsbreedte =220px
| oare artystenammen = Helena
| echte namme = Bernadette Heesink-Friebel
| nasjonaliteit = [[File:Flag of the Netherlands.svg|20px]] [[Nederlân|Nederlânsk]]
| berne = [[19 septimber]] [[1965]]
| berteplak = [[Edam]] ([[Noard-Hollân]])
| stoarn =
Rigel 15:
| webside = [http://www.helenduval.com www.helenduval.com] (deade link)
}}
'''Helen Duval''', echte [[namme]]: '''Bernadette Heesink-Friebel''' ([[Edam]], [[19 septimber]] [[1965]]), is in rêstend [[Nederlân]]sk [[neakenmodel]], [[pornografysk aktrise]] en [[porno]]produsinte en -[[regisseur]], dy't [[berne]] is yn it [[Noard-Hollân|Noardhollânske]] [[Edam]]. Hja makke yn 't earstoan ek wol gebrûk fan 'e [[artystenamme]] Helena. Duval sette yn [[1993]] útein mei in [[wurkpaad]] yn sawol de [[Jeropa|Jeropeeske]] as de [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[porno]]yndustry en spile yn in grut tal [[pornofilm|films]]. Yn [[2003]] beëinige se har karriêre as [[pornoaktrise]].
 
==Libben en karriêre==
Duval waard yn [[1965]] as Bernadette Heesink-Friebel [[berne]] yn it [[Noard-Hollân|Noardhollânske]] [[Edam]]. Hja sette mei har [[karriêre]] yn 'e [[porno]]yndustry útein as [[kollumn]]skriuwster foar it Nederlânske [[pornoblêd|pornobledsje]] ''[[Tuk (tydskrift)|Tuk]]''. Oan har [[kollumn]]s, dy't se skreau ûnder de namme 'Helena', foege se [[erotyk|eroatyske]] [[foto's]] fan harsels ta, dy't geandewei eksplisiter waarden. Uteinlik makke se yn [[1993]], doe't se 28 [[jier]] wie, har [[debút]] yn in [[pornografyske film]]. Dat wie nei't se yn 'e kunde kommen wie mei de [[Dútslân|Dútske]] [[filmprodusint|pornoprodusint]] [[Hans Moser]] (better bekend ûnder syn artystenamme [[Sascha Alexander]]). Foar har nije [[karriêre]] as [[pornoaktrise]] naam se de [[skûlnamme]] 'Helen Duval' oan, om't dat ynternasjonaler klonk.
 
Duval har trochbraak as [[pornostjer]] kaam yn [[1994]] mei har optreden yn ''Private Video Magazine #7''. Neffens de [[Internet Adult Film Database]] (IAFD) spile se dêrnei yn in sechstichtal films, yn it foarste plak foar [[Jeropa|Jeropeeske]] [[filmstudio|labels]] as it [[Sweden|Sweedske]] [[Private (filmstudio)|Private]], it [[Dútslân|Dútske]] [[Sascha Alexander Productions]] en [[Sarah Young Communications]] en it [[Nederlân]]ske [[Video Art Holland]]. Se wie lykwols ek wol yn 't spier foar [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[filmstudio|studio's]] as [[VCA Pictures]], [[Anabolic Video]] en Blue Coyote Pictures. Har lêste [[rol]] hie Duval yn 'e film ''Ice & Fire'', út [[2003]]. Njonken har aktearwurk wie se ek aktyf as produsinte en [[regisseur]] fan guon pornofilms mei har eigen studio [[Helen Duval Entertainment]].