Justus fan Beauvais: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
Rigel 40:
| webside =
}}
Justus (berne yn 277 yn [[Auxerre]]; ferstoarn yn 287 in [[Amiens]]) is in ierkristlike martler fan de [[Roomsk-Katolike Tsjerke]]. Syn feestdei is op 18 oktober. De hillige Justus falt ûnder de groep [[sefalofoaren]], hilligen dy't fanwegen harren leauwen ûnthalze waarden en neffens de oerlevering wer opstiene en dêrnei mei de holle yn 'e hannen fierder kuierdenkuieren.
 
== Oerlevering ==
Neffens de oerlevering soe Justus aas njoggen- of tsjierjierrich jonkje mei syn kristlike heit nei in omke socht ha, dy't al as bern stellen en ferkocht wie as slaaf. Hja fûnen him yn Amiens en hawwe him dêr befrijd. De heit en syn omke wistenkoene op 'e tiid te flechtsjenflechtsje en holden harren ferside yn in grot, mar de jonge Justus koe net mear útpike en foel yn 'e hannen fan in groep manlju fan Rictius Varus, de troch keizer Maksimianus beneamde romeinske prefekt.
 
Rictius Varus wie in ferbittere fijân fan kristenen en om't er syn heit en omke net ferriede woe en likemin syn leauwe ôfswarde liet er Justus ûnthalzje. Nei de ûnthalzing pakte Justus lykwols syn holle op en rûn dêrmei nei syn heit en preke. Dat mirakel soe plak fûn ha tusken [[Beauvais]] en [[Compiègne]] op in plak dat sûnt Saint-Just-en-Chaussée hjit. De legindefoarming soe ûnstien wêze nei't de mem fan Justus de holle fan har soan thússtjoerd krige.
 
== Reliken ==
Sint-Justus wurdt fral fereare yn [[Frankryk]], [[Switserlân]] en [[Belgje]]. Syn kultus ferspriede him fierder yn [[Ingelân]]. De stêd [[Winchester]] seit in fragmint fan de skedel te besitten. Mar der binne mear plakken dêr't de skedel fan Justus wurdt bewarre. Doe't de [[Fransiskanen]] it kleaster Galilea yn [[Sutfen]] stiften, namen hja in holle[[relikwy]] fan Sint-Justus mei. Yn de 16e iuw waard de skedel fan Sint-Justus stellen en nei omswalkings kaam de skedel lang om let yn de [[Antwerpen|Antwerpske]] Sint-Karolustsjerke telâne, dêr't ek hjoeddedei de hollerelikwy noch bewarre wurdt.<ref>[https://www.destentor.nl/zutphen/schedel-van-heilige-justus-9-hoort-in-zutphen~ae4349db/?referrer=https%3A%2F%2Fwww.google.com%2F De Stentor: Schedel van heilige Justus (9) hoort in Zutphen, 22.12.2018]</ref><ref>[https://www.contactzutphen.nl/nieuws/algemeen/235079/stadsarcheoloog-op-npo-radio-1-over-zutphense-reliekenroof Contact Zutphen: Stadsarcheoloog op NPO radio 1 over Zutphense reliekenroof, 19.12.2018]</ref>
 
In diel fan de holle wurdt ek yn de eardere [[benediktinen|benediktynske]] [[abdij fan Corvey]] as relikwy fereare. In hast folslein bewarre skedel wurdt yn Flums yn it Switserske kanton St. Gallen fereare. Ek it bisdom Chur yn [[Switserlân]] en de [[abdij fan Malmedy]] yn Belgje soene reliken krigen hawwe.
{{boarnen|boarnefernijing=
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Frânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [[:fr:Thérèse de Lisieux]]