Caen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Musea: 2x selde kategory
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 24:
Yn de [[Romeinske tiid]] stie Caen bekend as "Catumagos", ôflaat fan de [[Galje|Gallyske]] wurden ''magos'' (fjild) en ''catu'' (striid). De delsetting stelde doe net it measte foar en dat bleau de hiele Romeinske tiid sa. Pas ûnder de hartogen fan Normandje waard it in plak mei betjutting.
[[File:Prise caen 1346.jpg|thumb|left|''Ynname fan Caen yn 1346'']]
Healwei de 11e iuw keazen [[Willem de Oermasterer]] en keniginne Mathilde Caen ta harren residinsje. Willem troude sûnder tastimming fan de paus mei Mathilde fan Flaanderen, in efternicht. Om boete te dwaan stiften hja yn kaan elts in [[Benediktinen|benediktynsk]] kleaster: itde "[[Abbaye aux Hommes]]" foar muontsen en itde "Abbay[[Abbaye aux Dames]]" foar nonnen. Dêr tusken yn stiet de boarch, dy't oarspronklik ek troch Willem boud is. De stêd wie mei [[Rouen]] haadstêd fan it hartochdom Normandje en erfde in tige grutte rykdom oan arsjitektuer, dat foar in part ferlern gyng by de gefjochten yn 1944 om Caen. Op 21 maaie 1204 foel Caen yn 'e hannen fan [[Filip II fan Frankryk]] en mei de rest fan Normandje waard de stêd sûnt ûnderdiel fan it keninkryk Frankryk.L ykas Rouen wurdt de stêd yn Frankryk ek wol de stêd fan de 100 tuorren neamd, al is dat tsjintwurdich wol wat oerdreaun.
 
Yn 1346 liede kening [[Edwert III fan Ingelân]] de plondering fan de stêd. Tocht waard dat in belis fan in pear wiken nedich wie, mar op 26 july 1346 koe it leger de stêd al yn in dei ynnimme. Tûzenen minsken waarden fermoarde en it hannelssintrum waard yn 'e bran stutsen. De boarch lykwols hold hoek en de belegering bleau dêr sûnder risseltaat. In pear dagen letter lieten de Ingelsen de plondere stêd efter harren en marsjearden fierder nei it easten foar harren fiktoarje by de Slach by Crécy. Letter waard de stêd yn 1417 troch [[Hindrik V fan Ingelân]] op 'e nij oermastere. De stêd joech it net fuort op en bea wjerstân, mar waard dêr swier foar straft om't it de earste stêd wie dy't ferset bea tsjin de Ingelske fjildtocht. Yn 1450 wisten de Frânsen de stêd werom te feroverjen.
Rigel 57:
Om boete te dwaan stiften Willem de Oermasterer en syn frou en nicht Mathilde fan Flaanderen elts in abdij:
 
De [[Abbaye aux Hommes]] waard yn 1063 foltôge en oan [[Stefanus (martelder)|Sint-Stefanus]] wijd. De earste abt wie Lanfranc. De [[Frânske Revolúsje]] makke in ein oan de abdij en de abdijtsjerke waard sûnt in [[parochy]]tsjerke. It gebou oan it súdlike [[Transept|dwersskip]] fan de [[Sint-Stefanustsjerke (Caen)|Sint-Stefanustsjerke]] (Église St.-Etienne) is hjoeddedei yn tsjinst as ''Hôtel de Ville''.
Tagelyk mei de Abbaye aux Hommes waard oan de westlike kant fan de boarch de [[Abbaye aux Dames]] stifte. De oanhingers fan de Frânske Revolúsje makken ek in ein oan dy abdij; de nonnen waarden út harren kleaster ferdreaun. Yn de tiid fan de restauraasje waarden de abdijgebouwen yn 1823 in sikehûs en krigen Augustynske nonnen de noed oer de pasjinten tawiisd, wylst de oan de [[Trije-ienheid]] wijde abdijtsjerke in parochytsjerke waard. Yn it [[Koer (tsjerke)|koer]] fan de tsjerke is it grêf fan keninginne Mathilde. De [[krypte]] is útsûnderlik goed bewarre en fral de kapitelen dêr binne keunsthistoarysk weardefol.
[[File:Eglise de caen 5.JPG|thumb|''Église Saint-Étienne-le-Vieux'']]
==== Tsjerken ====
* De tusken de 13e en 16e iuw boude [[Église Saint-Pierre (Caen)|Église Saint-Pierre]] (Sint-Petrustsjerke) waard yn 1944 slim skeind, mar neitiid rekonstruearre.
* Muontsen fan de Abbaye aux Hommes bouden tsjin it ein fan de 11e iuw de [[Église Saint-Nicolas (Caen)|Saint-Nicolas]].
* De [[Église Saint-Jean (Caen)|Église Saint-Jean]] is yn de 14e boud en yn de 15e iuw ferboud yn flamboyante styl.
* Fan de [[Église Saint-Étienne-le-Vieux (Caen)|Église Saint-Étienne-le-Vieux]] bleau nei 1944 allinne it koer en de krusingstoer stean, nei't de tsjerke troch in alliearde granaat rekke waard dy't ornearre wie foar in Dútske tank. It [[Skip (tsjerke)|skip]] fan de tsjerke waard ferneatige en nei de kriich net mear rekonstruearre.
* De 16e-iuwske [[Église Saint-Sauveur (Caen)|Église Saint-Sauveur]] hiet foar 1802 Notre-Dame-de-Froide-Rue en moat net betiizge wurde mei de [[Église du Vieux Saint-Sauveur (Caen)|Église du Vieux Saint-Sauveur]].
* De Église Notre-Dame-de-la-Gloriette waard tsjin it ein fan de 17e iuw troch de [[jezuïeten]] boud. De tsjerke waard yn de tiid fan de Frânske Revolúsje ûntwijd, mar yn 1802 werom jûn oan de Roomsk-Katolike Tsjerke.
* De Chapelle Saint-Georges op it terrein fan de boarch is tsjintwurdich in betinkingsplak ta neitins fan de fallen soldaten yn 1944.