Roxane van Iperen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
wurk
 
No edit summary
Rigel 1:
{{wurk}}
{{Ynfoboks skriuwer
| ôfbylding = Roxane van Iperen - 2018.jpg
Line 27 ⟶ 26:
 
== Libben en wurk ==
Van Iperen wenne yn har jonkheid ûnder oare yn it Spaanske [[Málaga (stêd)|Málaga]]. Dêr gie se fan 1990 oant 1992 nei de Ingelske middelbere skoalle. Doe't se 16 wie ferhuze sy nei [[Sint-Michielsgestel (plak)|Sint-Michielsgestel]], dêr't se yn 1995 har oplieding oan it Gymnasium Beekvliet dienmakke. Sy studearre [[Rjochtsgeleardheid|rjochten]] oan de [[Universiteit fan Amsterdam]] en folge in beropsoplieding [[advokatuer]]. Fan 2001 ôf wurke se as [[jurist]] by [[NautaDutilh]] en yn it bedriuwslibben. Sûnt 2011 hat sy in saaklike advyspraktyk, ''De Pleitschrijver''. Yn 2014 waard hja [[kollumnist]] by it glossy magazine ''Jackie''. Letter wurke se as [[freelance]]r foar ûnder mear [[Vrij Nederland]], [[Het Financieele Dagblad]], [[Het Parool]], [[De Morgen]], [[De Correspondent]] en [[Follow the Money]]. Sûnt 2015 is sy foarsitter fan de Ried fan Advys fan it SIDN-fûns fan de [[Stichting Internet Domeinregistratie Nederland]] (SIDN). Yn 2016 wie hja gastkorrespondint [[Brazilië]] foar De Correspondent.
 
Yn 2016 ferskynde ek har debútroman ''Schuim der aarde'', winner fan de [[Hebban Debútpriis]]. Yn 2018 folge ''’t Hooge Nest'' oer de skiednis fan har hûs mei deselde namme yn [[Naarden]], dêr't de Joadske susters [[Janny Brandes-Brilleslijper|Janny]] (1916-2003) en [[Lin Jaldati|Lien Brilleslijper]] (1912-1988) ûnder de [[Twadde Wrâldoarloch]] in fersetssintrum en taflechtsoarde foar ûnderdûkers hiene. ''’t Hooge Nest'' stie in jier oan ien wei yn de CPNB Bestseller 60. It boek waard oerset yn it Ingelsk (''The Sisters of Auschwitz''), Frânsk (''Un refuge pour l'espoir''), Spaansk (''El último refugio''), Italjaansk (''L'Alto Nido'') en Dútsk (''Ein Versteck unter Feinden''). De produksjemaatskippij fan [[Halina Reijn]] en [[Carice van Houten]] sil it boek ferfilmje.
 
Van Iperen hold op 4 maaie 2021 de literêre foarlêzing ''Stemmen uit het diepe'' by de [[Nasjonale Deadebetinking|deadebetinking]] yn de [[Nije Tsjerke (Amsterdam)|Nieuwe Kerk]] yn Amsterdam. Teffens skreau se it [[essay]] ''De genocidefax'' foar de boekewike fan 2021.
 
== Trivia ==
Line 42 ⟶ 46:
 
{{Boarnen|boarnefernijing=
* Foar boarnen en referinsjes sjoch [[:nl:Roxane van Iperen]]
}}