Caen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
LNo edit summary
Rigel 22:
 
== Skiednis ==
Yn de [[Romeinske tiid]] stie Caen bekend as "Catumagos", ôflaat fan de [[Galje|Gallyske]] wurden ''magos'' (fjild) en ''catu'' (striid). De delsetting stelde doe net it measte foar en dat bleau de hiele Romeinske tiid sa. Pas ûnder de hartogenhartoggen fan Normandje waard it in plak mei betjutting.
[[File:Prise caen 1346.jpg|thumb|left|''Ynname fan Caen yn 1346'']]
Healwei de 11e iuw keazen [[Willem de Oermasterer]] en keniginne Mathilde Caen ta harren residinsje. Willem troude sûnder tastimming fan de paus mei Mathilde fan Flaanderen, in efternicht. Om boete te dwaan stiften hja yn kaanCaen elts in [[Benediktinen|benediktynsk]] kleaster: de "[[Abbaye aux Hommes]]" foar muontsen en de "[[Abbaye aux Dames]]" foar nonnen. Dêr tusken yn stiet de boarch, dy't oarspronklik ek troch Willem boud is. De stêd wie mei [[Rouen]] haadstêd fan it hartochdom Normandje en erfde in tige grutte rykdom oan arsjitektuer, dat foar in part ferlern gyng by de gefjochten yn 1944 om Caen. Op 21 maaie 1204 foel Caen yn 'e hannen fan [[Filip II fan Frankryk]] en mei de rest fan Normandje waard de stêd sûnt ûnderdiel fan it keninkryk Frankryk.L ykas Rouen wurdt de stêd yn Frankryk ek wol de stêd fan de 100 tuorren neamd, al is dat tsjintwurdich wol wat oerdreaun.
 
Yn 1346 liede kening [[Edwert III fan Ingelân]] de plondering fan de stêd. Tocht waard dat in belis fan in pear wiken nedich wie, mar op 26 july 1346 koe it leger de stêd al yn in dei ynnimme. Tûzenen minsken waarden fermoarde en it hannelssintrum waard yn 'e bran stutsen. De boarch lykwols hold hoek en de belegering bleau dêr sûnder risseltaat. In pear dagen letter lieten de Ingelsen de plondere stêd efter harren en marsjearden fierder nei it easten foar harren fiktoarje by de Slach by Crécy. Letter waard de stêd yn 1417 troch [[Hindrik V fan Ingelân]] op 'e nij oermastere. De stêd joech it net fuort op en bea wjerstân, mar waard dêr swier foar straft om't it de earste stêd wie dy't ferset bea tsjin de Ingelske fjildtocht. Yn 1450 wisten de Frânsen de stêd werom te feroverjen.