Reinder van Kleffens: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
letter mear
L [[]] better
 
Rigel 8:
 
Nei de omkear oan it begjin fan 1795 waard syn feroardieljend fûnis neatich ferklearre en waard er op 19 febrewaris oanwiisd as lid fan it provisjoneel bestjoer fan Fryslân. De oare deis waard er keazen ta ien fan de trije leden fan de [[rekkenkeamer]] fan Fryslân. Op 23 maart waard er lid fan it komitee foar algemiene saken fan it bûnsgenoatskip fan it lân en 16 july dêrnei waard er ûnder ûntslach keazen ta ûntfanger-generaal fan de floreenrinten; dy beneaming waard de 30ste dêrnei ynlutsen, sadat er lid fan neamd komitee bleau. Hy wie dêr meastentiids foar yn Hollân, en hoewol't er in reedlike patriot ('moderaat') wie, bleau er yn dy betrekking doe't Fryslân kommunistysk [??] waard, oant 2 augustus 1797. Doe waard er yn it distrikt Dokkum keazen as lid fan de Nasjonale Gearkomste.
[[File:Gedenksteen zuidgevel - Raard - 20184372 - RCE.jpg|thumb|Betinkstien yn de súdmuorre fan de [[Jehannes de Dopertsjerke (Raard)|tsjerke fan Raard]]]]
Hy waard yn septimber 1797 troch syn meileden ta lid fan de kommisje foar ynlânske korrespondinsje beneamd. Om syn reedlike ('moderate') begjinsels waard er mei 27 fan syn meileden by de steatsgreep fan 22 jannewaris 1798 finzen set, earst yn de Voorpoort en op 3 febrewaris op Huis Ten Bosch. Nei de twadde steatsgreep fan 12 juny 1798 waard er de 14de july dêrop frijlitten.