Mata Hari: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
fix
Rigel 7:
</TABLE>
 
As ''Margaretha Geertruida Zelle'' waard se yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] berne as dochter fan huoddemakker Adam Zelle en syn frou Antje van der Meulen. Se krige priveeles yn ferskate bûtenlânske talen. Nei de skieding fan har âlders yn [[1890]], en it ferstjerren fan har mem in jier letter, waard se troch har omke nei de kweekskoalle yn [[LeidenLeien]] stjoerd, mar dy makke se net ôf. Yn [[1895]] troude se mei kaptein Rudolf Campbell MacLeod, dy't fan Skotske ôfkomst wie, mar tsjinne yn it Nederlânske leger by de [[KNIL]]. Se setten har ta wenjen yn Amsterdam dêr't se in jonkje krigen. Yn [[1897]] gie de húshâlding nei [[Nederlânsk Ynje]] en wenne dêr oant [[1902]] op [[Java]] en [[Sumatra]]. Nei it ferstjerren fan harren soantsje gongen Margaretha en har man werom nei [[Nederlân]], mar fuort dêrnei ferliet se McLeod.
 
Margaretha Zelle gie nei it mondêne [[Parys]] dêr't se earst as ''Lady McLeod'' en letter as ''Mata Hari'' (''[[Maleisk]] foar: Each fan de dei, oftewol sinne'') namme makke as bleatdûnseres. Troch har pikante optredens waard se oant fier bûten Parys in hit, net yn it lêste plak fanwege har eskapades mei by foarkar hege militêre ofsieren.