Trijehoeksferhâlding: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
(Gjin ferskil)

De hjoeddeiske ferzje sûnt 30 jul 2021 om 22.38

In trijehoeksferhâlding is in, yn 'e regel romantyske, relaasje dêr't trije persoanen by belutsen binne. Hoewol't it ferwize kin nei in polyamoreuze relaasje tusken trije minsken, wurdt der ornaris mei ferwiisd nei twa persoanen dy't inoars rivalen binne foar de ûnferdielde romantyske oandacht fan in trêde persoan. Dêrby soene dan bgl. Persoan A en Persoan B it tsjinoar opnimme om 'e leafde te winnen fan Persoan C. It kin lykwols ek oars sitte, bgl. as Persoan A fereale is op Persoan B, dy't sels fereale is op Persoan C, wylst C lykwols gjin romantyske belangstelling hat foar A of B of mar foar ien fan beiden.

Trijehoeksferhâldings komme in protte foar. Statistysk sjoen moatte de measte minsken yn 'e Westerske wrâld op in stuit yn harren libben wol by sa'n relaasje belutsen west hawwe. Trijehoeksferhâldings foarmje ek in populêr tema foar fiksje, mooglik om't it sa werkenber is, mar perfoarst ek om't it, as it goed beskreaun of werjûn wurdt, in oangripend en dêrom handich narratologysk helpmiddel wêze kin. Faak makket fan in ferhaal in trijehoeksferhâlding diel út, wêrby't de protagonist mei syn antagonist wediverje moat om 'e hân fan syn wiere leafde. Ek komt gauris foar dat nei de protagonist sels stike wurdt troch twa minsken mei sterk útinoar rinnende persoanlikheden, wêrby't de protagonist mar net út 'e rie komme kin wa't hy of sy kieze moat.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.