Nekke: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
L fansels
 
Rigel 1:
[[File:C-spine lat..JPG|right|thumb|200px|In [[röntgenfoto]] fan 'e [[minske|minsklike]] nekke.]]
De '''nekke''' is it [[rêch|dorsale]] diel fan 'e [[hals (lichemsdiel)|hals]]. By [[sûchdieren]] bestiet de nekke út [[hier (begroeiïng)|behierre]] [[hûd]], [[spier]]en en it boppeste diel fan 'e [[wringe (rêchbonke)|wringe]] of rêchbonke ([[Nederlânsk]]: ''ruggengraat''), dy't op syn beurt wer bestiet út ferskate ôfsûnderlike [[wringe (draaibonke)|wringen]] of draaibonken (''wervels''). Hast alle sûchdieren hawwe 7 fan sokke bonkjes yn 'e nekke, behalven de [[loaierts]], dy't der 6 oant 9 hawwe kinne. Hoewol't de hals fan in [[sjiraffe]] folle langer is as dy fan in minske, hat ek dy mar sân [[nekwringe]]n, al binne dy fansels folle grutter en langer. Ek [[walfiskeftigen]] hawwe sân nekwringen, mar by harren binne dy troch har [[evolúsjeteory|evolúsjonêre]] ûntwikkeling krekt sterk ôfplatte en faak min ofte mear mei-inoar fergroeid.
 
By de minske is de nekke ûnder normale omstannichheden wat hol (hat in lichte [[lordoaze]]), om te kompinsearjen foar de lichte bolheid ([[kyfoaze]]) fan 'e [[boarstwringe]]n (''borstwervels''). De yndividuële nekwringen wurde fan boppenôf yn medysk jargon C<sub>1-7</sub> neamd. De C stiet foar ''cervix'', dêr't it [[eigenskipswurd]] foar de nekke, "servikaal", fan ôflaat is. De nekwringe C<sub>1</sub> wurdt ek wol de [[atlaswringe]] neamd en C<sub>2</sub> hjit fan [[aksiswringe]]. De oare fiif hawwe gjin selsstannige nammen. De atlaswringe wurdt sa neamd om't er de [[holle]] draacht (nei [[Atlas (mytology)|Atlas]], dy't yn 'e [[Grykske mytology]] de wrâld droech). De atlaswringe stiet op in opsteand stikje fan 'e aksiswringe ("aksis" betsjut "as"), en dêrtroch is men by steat en draai de holle.