Arthur Axmann: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
URL
LNo edit summary
 
Rigel 6:
Axmann waard begjin [[1945]] ien fan de kommandanten fan de saneamde ''[[Volkssturm]]'', in gearswylsel fan jonges en âlde(re) manlju, ornearre om it ynstoartend nazyryk te ferdigenjen. Hoewol't er der ta oantrune waard, wegere er famkes en froulju yn de Volkssturm. As kommandant fan in ôfdieling Volkssturm spile er in rol yn de [[Slach om Berlyn]] (''Endkampf um Berlin''). Yn de lêste filmopname dy't fan Hitler bekend is, begeliedt Axmann syn idoal by de útrikking fan ûnderskiedings oan minderjierrige soldaten fan dy organisaasje.
 
Artur Axmann krige yn 1945 de heechste nazy-Dútske ûnderskieding, de [[Dútske Oarder (nazyNazy-Dútslân)|Dútske Oarder]].
 
Desimber 1945 waard er arrestearre doe't er kontakt opnaam mei de lieding fan de Hitlerjeugd dy't noch op frije fuotten wiene. Oktober 1946 waard er frijlitten, mar yn july 1947 wer foar ferhoor fêstset. Yn 1949 krige er trije jier finzenis. Dêrnei wie er hannelsagint by in firma.