Katedraal fan Rouen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
Rigel 32:
| webside = [https://rouen.catholique.fr/ Aartsbisdom Rouen]
}}
De '''Katedraal fan Us-Leaffrouwe fan Rouen''' ([[Frânsk]]: ''Cathédrale Notre-Dame de Rouen'') is ien fan de grutste [[Gotyk|goatyske]] katedralen fan [[Frankryk]]. Mei de bou waard yn de 12e iuw begûn en einige yn de 16e iuw. Yn de 19e iuw ûnfûn in restauraasje plak. Yn dy tiid krige de katedraal ek syn 151 hege smei-izeren spits, de heechste tsjerketoer fan it lân. De katedraal is de sit fan de aarstbiskop fan Rouen.
 
 
Rigel 40:
 
==== Goatyske nijbou ====
Hugo fan Amiens begûn mei de ferbouwing fan de romaanske tsjerke mei it ferheegjen fan de ''Tour Saint-Romain''. Doe wie de toer noch in frijsteande klokketoeklokketoer, dy't los fan it romaanske [[Skip (tsjerke)|tsjerkeskip]] stie. Op dat stuit waard der noch net oan de tsjerke wurke, sa't it liket wiene der noch gjin plannen om de tsjerke te fernijen.
 
Om 1180 waard úteinset mei de iergoatyske nijbou fan de katedraal, oars as wenst begûnen se net mei it koer mar mei it tsjerkeskip. De earste boufaze bestie út de bou fan de ûnderste dielen fan de westlike gevel mei de portalen, nei alle gedachten westlik fan de doe noch besteande romaanske foargonger. Mei it ûnstean fan de earste westlike [[travee]]ën yn de twadde boufaze ûntstie in ferbining mei de toer.
[[File:Notre-Dame de Rouen, Nave 20140923 1.jpg|thumb|left|''Ynterieur'']]
Nei de stedsbrân yn de Peaskenacht fan 1200, dy't fierder net in soad skea oan de nijbou brocht, sette de tredde faze oant it fiifde pylderpear (fanútút it westwesten wei teld) útein. Ek de boppedielen fan earste traveeën út de eardere boufaze, ynklusyf it [[trifoarium]] mei de wide segmintbôgen, waarden no foltôge. Yn de jierren 1206-1207 waard it skip foltôge mei de bou fan nochris fiif traveeën.
 
Pas nei de foltôging fan it skip waard fanôffan 1210 ôf boud oan it [[transept|dwersskip]] en de [[Krusing (tsjerke)|krusing]] en dêrop folgjend nei 1220 it koer. Sûnt 1230 waard der wurke oan de opbou fan de krusingstoer en de hegere dielen fan de westlike gevel. De kapellen oan de sydskippen waarden yn de jierren 1260 en 1270 tafoege en dêrnei waarden de gevels fan it dwersskip mei it ''Portail des Libraires'' (ferneamd nei de boekehandlers dy't dêr harren wurk ferkochten) fan it noardlike dwersskip en it ''Portail de la Calende'' (ferneamd nei de liturgyske kalinder dy't dêr hong) fan it súdlike dwersskip yn heechgoatyske styl fernijd. It Portail de la Calende is oerdiedich fersierd mei foarstellings fan de lijensskiednis fan [[Jezus (tradisjoneel-kristlik)|Jezus]] en de kristlike heechfeesten, wylst it Portail des Libraires dekoraasjes sjen lit fan it Skeppingsferhaal, it JongseJongste Gerjocht en fantasyfigueren lykas in baarch dy't op de fioele spilet en in man mei in bokkekop mei in klokje.
[[File:Chapelle de la Vierge, Cathédrale Notre-Dame de Rouen-8549.jpg|thumb|''Marijekapel'']]
Oan it begjin fan de 14e iuw ûntstie de eastlike, op it koer oanslutende, Marijekapel. De Marijekapel is trije traveeën lang en hat in fiifsidige absis. It barokke alter fan ferguldfergulde hout iswaard makke troch Jean Racine (1643-1645) en hat in skilderij fan Philippe de Champaigne dat de Oanbidding fan de Hoeders (1629) foarsteld. De ramen fan û.o. it berteferhaal, de kroaning fan Marije en in rige biskoppen binne foar in grut part 14e- en 15e-iuwsk, dy't oarspronklik út de yn 1944 ferneatige Sint-Finsintiustsjerke (Eglise Saint-Vincent) komme en 19e-iuwske ramen ferfongen. Ek is dêr it yndrukwekkende grêfmonumint fan de kardinalen fan Amboise.
 
[[File:Rouen Cathédrale Primatiale Notre-Dame-de-l'Assomption Fassade Westrosette & Wimperg 3.jpg|thumb|left|''Roasfinster westlike gevel'']]
FanôfFan de jierren 1370 ôf waard foar de westlike in skermgevel mei in grut tal bylden boud, dy't yn 1450 foltôge wie. De Tour Saint-Romain waard yn de jierren 1460 mei in ferdjipping ferhege en nei 1480 waard der boud oan de toer oan de súdlike kant fan de gevel, de ''Tour de Beurre''. De toer krige dy namme om't de boukosten betelle waarden út in ekstra heffing op bûter yn de fêsteltiid. Nei de foltôging fan de Tour de Beurre die bliken dat der skea wie oan de westlike gevel, sadat yn de jierren 1508-1511 in renovaasje fan it sintrale portaal plakfûn. Nei in brân fan de krusingstoer yn 1514 waard dy yn de jierren 1548-1557 troch in nije en hegere krusingstoer fan 128 meter.
 
De katedraal waard yn 1562 plondere troch de [[hugenoaten]]. De ûntbrekkende bylden tsjûgje noch fan dy tiid. De tombestomben fan de hartoch fan Bedford en kardinaal d'Estouteville waarden fernield en de koppen fan de gevelbylden fan de aartsbiskoppen dêr ôf slein.
 
Yn 1683 ferneatige in orkaan it roasfinster. Ek trije tuorkes stoarten del troch it ferwulft, wat it oargel ferneatige.
 
De âlde krusingstoer waard yn 1822 troch de bliksem troffen. De hjoeddeiske 151,5 meter hege krusingstoer datearret út 1884 en waard fan smei-izer makke. Oant de foltôging fan de [[Dom fan Keulen|Keulske domtsjerke]] wie de katedraal it heechste bouwurk fan 'e wrâld. De krusingstoer is in ûntwerp fan de arsjitekt Jean-Antoine Alavoine, dat lang nei syn dea waard útfierd waard. Sûnt 2018 wurdt de toer restaurearre.
 
== Twadde Wrâldkriich ==
[[File:Bundesarchiv Bild 146-1984-035-10A, Frankreich, Rouen, beschädigte Kathedrale.jpg|thumb|''De katedraal nei de oanfallen fan de Amerikaanske luchtmacht'']]
Yn de wiken foar de ynvaazje fan Normandje fierde de [[Royal Air Force]] loftoanfallen út om transportknooppunten te ferneatigjen, sadat it befoarriedenbefoarriedzjen fan de [[Wehrmacht]] hindere waard en der minder [[Nazy-Dútslân|Dútsk]] fermogen wie om wjerstân te bieden.
 
Yn 'e nacht fan 18 op 19 april foelen de bommewerpersbommesmiters Rouen oan mei as doel it ranzjearstasjon yn Sotteville-lès-Rouen en de tichteby lizzende spoarbrêge oer de [[Seine]] te reitsjen. It âlde sintrum fan Rouen waard slim troch de bombardeminten troffen en fiif bommen foelen op de katedraal. It skilde net folle of ien fan de pylders fan de sintrale toer wiewaard rekke; dielen fan it súdlike sydskip en twa [[roasfinster]]s waarden fernield.
 
De loftoanfallen troch de bommewerpers fan de [[Amerikaanske Legerloftstriidkrêften|Amerikaanske loftmacht]] feroarsaken brannen yn de katedraal. Op 1 juny 1944 baarnde de noardelike toer út.
Rigel 69:
== Brânskildere ramen ==
[[File:Baie 13 - détail 2 - chapelle Saint-Pierre-Saint-Paul, cathédrale de Rouen.jpg|thumb|left|''Sân Sliepers fan Efeze'']]
It finster "Sân Sliepers fan Efeze" yn de Petrus- en Pauluskapel waard om 1204 makke troch in ûnbekende glesker en hiene yn 1832 noch it âlde plak yn it sydskip. Om 1870 hinne binne de ramen der úthelle fanwegen de minne steat en in kwalitatyf minne restauraasje. Yn de rin fan de tiid binnewaarden fjouwer dielen ferkocht oan Amerikaanske musea. Yn de jierren 1980-1981 binnewaarden de oare acht dielen restaurearre en oanfolle mei nije dielen op 'e nij ynbrocht yn de Petrus- en Pauluskapel. Fiif foarstellings stelle de leginde fan de [[Sân sliepers fan Efeze]] foar. De Marijekapel hat noch ramen dy't werom geane op de 14e iuw. Ek yn oare dielen fan de katedraal is noch âld glêswurk bewarre bleaun.
 
== Oargels ==
Rigel 84:
 
==== Koeroargel ====
It koeroargel is fan de ferneamde oargelbouwer Cavaillé-Coll en iswaard oarspronklik boud foar Albert Dupré, de heit fan de organist Marcel Dupré. It út 1896 datearjende ynstrumint waard troch Marcel Dupré skonken oan de katedraal, dêr't it sûnt as koeroargel tsjinnet. It besit alve registers op twa manualen en pedaal.
 
== Claude Monet ==