Groepsferkrêfting yn Delhi (2012): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Media: kat oars
red
 
Rigel 3:
== 16 desimber 2012 ==
De 23-jierrige Jyoti Singh Pandey út Delhi hie op 16 desimber 2012 mei har freon Avnindra Pandey nei de bioskoop west om de film Life of Pi te sjen. Nei ôfrin soene hja in riksja nimme om nei hûs, mar hja koene nimmen fine dy't har bringe woe. Dêrnei fregen hja in sjauffeur om har nei it Munirka-stasjon te bringen en fan dêr út fierder nei hûs te reizgjen. Likernôch in kertier riden kamen hja op it stasjon oan, dêr't in partikuliere bus en in minderjierrige jonge stie te winken. Njonken de sjauffeur sieten noch fjouwer oare manlju en it like derop dat dy ek mei reizgje woene. Nei't de bus ôfsette waarden de doarren op it slot set en de ljochten útdien. Der ûnstie tusken de manlju en de freon fan Jyoti slaanderij, de manlju namen har de mobyltsjes en harren paskes ôf. Jyoti besocht him te helpen troch in pear manlju te biten, mar hja waarden by inoar weilutsen en efter yn de bus waard de jonge frou yn de ridende bus troch de seis manlju om bar ferkrêfte.<ref>[https://www.indiatoday.in/india/north/story/delhi-gangrape-victims-friend-relives-the-horrifying-84-minutes-of-december-16-night-210874-2013-09-13 India Today, fraachpetear mei Avnindra Pandey, 13 septimber 2013]</ref> De frou waard dêrnei sa slim mei in izeren staaf misbrûkt, dat út medysk ûndersyk bliken die dat hja earnstige ferwûnings yn har búk, terms en geslachsdielen hie oprûn hie.<ref>[https://www.firstpost.com/india/delhi-gangrape-victim-regains-consciousness-next-48-hours-critical-561535.html First Post, 18 desimber 2012]</ref> De twa slachtoffers waarden dêrnei hast neaken út de ridende bus smiten. Alhoewol't hja dêr bliedend op strjitte leine, ried it ferkear neffens it manlike slachtoffer gewoan troch en duorre it noch twintich minuten ear't in passant har fûn en de plysje warskôge. Neffens de man folge nei de komst fan de plysje noch in lange diskusje oer de fraach ûnder hokker distrikt de misdied foel.<ref>[http://www.tagesschau.de/ausland/vergewaltigung-indien100.html ARD Tageschau, 8 jannewaris 201]</ref>
 
Hja waarden nei it Safdarjung-hospitaal brocht. De ferwûnings fan Avnindra foelen relatyf ta en bleaune beheid ta botbreukenbrutsen bonken, mar Jyoti wie sa slim tamtearre, dat hja fuortendaliks behannele wurde moast. Neffens rapporten joech ien fan de dieders letter ta dat er sjoen hie dat ien fan de oanfallers har mei syn hân penetrearre en oan in toueftich oanhingsel lûk, nei alle gedachten har terms. Yn de bus waarden twa bluodrige metalen stangen fûn en medysk persoaniel stelde fêst dat de penetraasje in ûnbidich grutte skea oan har geslachsdielen, liif en terms feroarsake hie.
 
Nei meardere operaasjes en it ferwiderjen fan har terms bleau de sitewaasje krityk en op 26 desimber waard Jyoti foar fierdere soarch nei it Mount Elizabeth Hospital yn [[Singapore]] flein, in sikehûs dat spesjalisearre is yn multy-orgaantransplantaasje. De sitewaasje waard op 28 desimber noch minder en in wurdfierder ferklearre dat de frou in longûnstekking, in búkynfeksje en ek harsensskea oprûn hie. Hja stoar op 29 desimber om 04:45 lokale tiid.<ref>[https://www.mirror.co.uk/news/world-news/india-gang-rape-victims-father-1521289 The Mirror, 5 jannewaris 2013]</ref>
 
== Protesten ==
Rigel 16:
 
== Arrestaasjes ==
Binnen 24 oeren hie de plysje al in pear fertochten fûn en arrestearre. Ek waard al gau de bus, in wite charterbus mei in namme, identifisearre. Dat liedelate nei de sjauffeur.
Yn noch gjin wike tiid waarden ek de oare fertochten oppakt. Under harren wiene de 30-jierrige Ram Singh, de bussjauffeur, en syn 26 jierrige broer, Mukesh Singh. Beide wennen yn Delhi mar waarden yn Rajastan oppakt. De 20-jierrige Vinay Sharma, in gymlearaar, en de 19-jierrige Pawan Gupta, in fruitferkeaper, waarden arrestearre yn Uttar Pradesh en Bihar. De 17-jierrige Mohammed Afroz waard oppakt yn Delhi. De lêste fertochte dy't arrestearre wie de 28-jierrige Akshay Thakur, hy waard oppakt yn Bihar.
Rigel 26:
Mohammed Afroz wie op it stuit fan de ferkrêfting noch minderjierrich en krige in straf fan trije jier finzenis. Yn 2015 waard er wer frijlitten.<ref>[https://nos.nl/artikel/2076437-dader-dodelijke-groepsverkrachting-india-vrij NOS, 20-12-2015]</ref>
 
De eksekúsje waard op 20 maart 2020 troch in finzenis yn Delhi útfierd nei't presidint Ram Nath Kovind in fersyk om graasje wegere hie.<ref>[https://www.indiatoday.in/india/story/president-ram-nath-kovind-mercy-petition-nirbhaya-convict-mukesh-gangrape-1637695-2020-01-17 17 jannewaris 2020]</ref> Nei it ophingjen fan de dieders brieken yn Yndia spontane folksfeesten út.<ref>[https://www.spiegel.de/panorama/justiz/indien-vier-maenner-wegen-vergewaltigung-einer-studentin-hingerichtet-a-13cbc88c-47d0-4cd3-b603-e526d0b4512e Der Spiegel, 20 maart 2020]</ref>
 
== Gefolgen strafrjocht ==
Yn 2013 waarden de straffen foar sededelikten yn Yndia ferswierre. As in slachtoffer troch ferkrêfting yn koma rekket of stjert is it mooglik de deastraf troch ophinging te fonnisjen. De nije wet stelt lykwols in minimumstraf fan 20 jier fêst. Ek oare seksuële delikten lykas voyeurismefoyeurisme of stalking falle ûnder de nije strafwet. ''Eve Teasing'', earder in lyts fergryp, wurdt mei de nije wet hurder oanpakt. It misledigjen fan frouwen troch wurden of dieden kin ûnder de nije wet liede ta in strafsaak.<ref>[https://www.spiegel.de/panorama/justiz/indien-beschliesst-neues-strafgesetz-gegen-vergewaltiger-a-881217.html Spiegel, 3 febrewaris 2013]</ref>
 
== Media ==