Universiteit: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
meitsje dit der mar fan. Sil der de kommende dagen mei úteinsette
in begjin
Rigel 1:
{{Wurk}}
[[Ofbyld:RijksUniversiteit Groningen - University of Groningen.jpg|thumb|''Akademygebou fan de [[Ryksuniversiteit Grins]]'']]
De '''Universiteit''' (fan [[Latyn]] ''universitas, - atis'' dat "ien hiel" of "mienskip" betsjut) is in ynstellingûnderwiisynstelling yn it [[heger ûnderwiis]] dy't [[wittenskiplik ûnderwiis]] foar har noed nimtjout, en dêr't ek [[wittenskiplik ûndersyk]] dien wurdt. De universiteit fersoarget akademyske opliedings en jout [[akademyske graden]].
 
It wurd universiteit komt fan it [[Latyn]]ske ''universitas magistrorum et scholarium'' itjinge likernôch "mienskip fan ûnderwizers en wittenskippers" betsjut. De universiteiten hawwe harren oarsprong yn de [[midsiuwen]] en komme as ûnôfhinklike ynstellings fuort út katedraalskoallen. De âldste universiteit is de [[Universiteit fan Bologna]] fan [[1088]]. Krapoan tsien jier letter ûntstie de [[Universiteit fan Oxford]]. De universiteieten yn Jeropa ûntjoegen harren oan de ein fan de midsiuwen ta wichtige ûnderrjochtsynstellings en begûnen oer gâns de wrâld te fersprieden.
 
De namme universiteit is net wetlik fêstlein. Guon ûnderrjochtsynstellings neame harsels universiteiten, wylst se dat yn werklikheid net binne.
 
== Namme ==
It oarspronklike [[Latyn]]ske wurd ''universitas'' ferwiist yn it algemien nei "in tal lju dy't yn in groep feriene binne sa as yn bygelyks mienskip, bedriuw, [[gilde]], maatskippij, ensafuorthinne". Doe't yn de [[midsiuwen]] de stêden en de gilden in hieltyd wichtigere rôl begûnen te spyljen, begûnen spesjaliseare groepen studinten en ûnderwizers mei kollektive wetlike rjochten dy't ornaris troch prinzen, prelaten of de stêden dêr't se yn fêstige wiene, beneamd waarden, troch it begryp ''universitas'' bekend te wurden. Lykas oare gilden bestjoerden se harren sels en bepaalden se harren eigen kwaliteitseasken.
 
Hjoed-de-dei betsjut it wurd "in ynstelling foar heger ûnderwiis dy't graden útjaan mei en ûnderwiis jaan mei dy't neat mei ambachten en beroppen te krijen hawwe". It oarspronklike Latynske wurd ferwiisde nei de graad-útjouwende ûnderwiisynstellings yn westlik en sintraal Jeropa. Dêr kaam dy foarm fan wetlik ûnderwiis it measte foar. Fan dêrwei fersprate sokke ynstellings oer de gânse wrâld hinne.
 
=== Wittenskiplike frijheid ===
In wichtige skaaimerk foar in universiteit is it begryp "akademyske frijheid". It earste skriftlik bewiis dêrfan komt fan de Universiteit fan Bologna dy't yn [[1155]] of [[1158]] de ''Constitutio Habita'' oannaam. Dat joech in reizgjende wittenskipper rjocht op ûnbehinderjende trochgong yn namme fan it ûnderwiis. Dat wurdt hjoed-de-dei sjoen as de oarsprong fan de akademyske frijheid en wurdt ynternasjonaal erkend. Op [[18 septimber]] [[1988]] tekenen 430 universiteiten de ''[[Magna Charta Universitatum]]'', dêr't de 900ste jierdei fan de Universiteit fan Bologna by fierd waard. It tal universiteiten dy't de ''Magna Charta Universitatum'' tekenje wurdt hieltyd grutter en komme fan alle parten fan de wrâld
 
 
== Skiednis ==