Universiteit: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
red
Rigel 3:
De '''Universiteit''' (fan [[Latyn]] ''universitas, - atis'' dat "ien hiel" of "mienskip" betsjut) is in ûnderwiisynstelling yn it [[heger ûnderwiis]] dy't [[wittenskiplik ûnderwiis]] jout, en dêr't ek [[wittenskiplik ûndersyk]] dien wurdt. De universiteit fersoarget akademyske opliedings en jout [[akademyske graden]].
 
It wurd universiteit komt fan it [[Latyn]]ske ''universitas magistrorum et scholarium'' itjinge likernôch "mienskip fan ûnderwizers en wittenskippers" betsjut. De universiteiten hawwe harren oarsprong yn de [[midsiuwen]], en komme as ûnôfhinklike ynstellings fuort út katedraalskoallen. De âldste universiteit is de [[Universiteit fan Bologna]] fan [[1088]]. Krapoan tsien jier letter ûntstie de [[Universiteit fan Oxford]]. De universiteietenuniversiteiten yn Jeropa ûntjoegen harren oan de ein fan de midsiuwen ta wichtige ûnderrjochtsynstellings en begûnen harren oer gâns de wrâld te fersprieden.
 
De namme universiteit is net wetlik fêstlein. Guon ûnderrjochtsynstellings neame harsels universiteiten, wylst se dat yn werklikheid net binne.
Rigel 19:
=== Aldheid ===
[[Ofbyld:Raffael5.jpg|thumb|''[[De Skoalle fan Atene]]'' troch Rafael yn 1509]]
Al yn de [[klassike âldheid]] wie der nei it legereleger ûnderwiis yn rekkenjen en skriuwen hegere opliedings dy't tsjin betelling folge wurde koene. Allinnich rikelju en aristokraten koene dat lykwols allinnich bekostigje. [[Filosofen]], [[retoryk|sprekkers]] en [[Grammatika|gramatikussen]] wiene ornaris de ûnderwizers. Yn de tiid fan it [[hellenisme]] ûntstiene der ynstellings, dy't te ferlykjen binne mei hjoeddeistige universiteiten, yn [[Atene]] en [[Aleksanderje]]. Yn de [[Romeinske tiid]] wiene der ek soksoarte ynstellings yn [[Kartago]], [[Rome]], [[Marseille|Massilia]] en [[Konstantinopel]]. Nei de [[fal fan it Romeinske Ryk]] rekke it heger sekulêr ûnderwiis yn West-Jeropa alhiel yn it neigean, mar yn it [[Eastromeinske Ryk]] bleau de [[Universiteit fan Konstantinopel]] noch bestean, mar dy wie neffens guon [[skiedkundige]]n net mear as in fuortsetting fan de filosofeskoallen fan Atene as dat it in folsleine universiteit wie. Ek ynteresse yn net-godtsjinstigegodstsjinstige stúdzje ferdwûn dêre, mar stúdzje yn rjochten en medisinen lutsen wol studinten fan Jeropa en it [[Midden-Easten]] oan.
 
=== Midsiuwen ===
Rigel 26:
Doe't de [[islaam]] him yn de [[sânde iuw]] rap útwreide, naam de belangstelling foar de eardere Grykske wittenskip en filosofy ta. Yn [[Bagdad]], [[Kairo]] en [[Kordoba]] ûntstiene al rillegau wichtige universiteiten. Benammen Kordoba luts in soad Westjeropeeske gelearden om dêr te studearjen en te ûnderrjochtsjen.
 
De earste Westjeropeeske midsiuwske universiteiten waarden oprjochte nei it foarbyld fan dy fan Kordoba, alhoewol't de moderne universiteit syn oarsprong yn de midiuwske kristlike tradysje hie. Fan de [[sechsde iuw]] ôf fûn heger ûnderwiis plak yn katedraal- of kleasterskoallen (''scholae monasticae''). [[Muonts]]en en [[non]]nen wiene ornaris de ûnderrjochters. Yn [[1088]] waard de [[Universiteit fan Bologna]] oprjochte foar de stúdzje fan rjochten, medisinen en [[teology]], en al rillegau folgen dy fan [[Universiteit fan Oxford|Oxford]] yn [[1096]] en [[Universiteit fan Parys|Parys]] yn [[1150]]. Fan de [[trettjinde iuw]] ôf waarden der yn gâns Jeropa universiteiten oprjochte. Dy midsiuwske universiteiten waarden troch tsjerkleiketsjerklike en boargerlike autoriteiten ûnderstipe. Foar de tsjerke wie de universiteit in middel om it leauwe fuort te sterkjen en minder om nije kennis op te garjen. De universiteiten krigen dêrtroch in soad privileezjes en koene frij selsstannich operearje.
 
Yn Jeropa giene jonge manlju nei de universiteit foar de stúdzje nei't se deit ''[[trivium]]'' ([[grammatika]], [[logika]] en [[retoryk]]) foltôge hiene en it ''[[quadrivium]]'' ([[rekkenkunde]] en [[mjitkunde]], [[astronomy]] en [[muzyk]]). It ''trivium'' en ''quadrivium'' mei-inoar wurde wol de "sân frije keunsten" neamd.
 
=== Moderne tiid ===
Yn de [[Iermoderne tiid]] nei de midsiuwen waarden der in tal fan universiteiten oprjochte yn de measte grutte stêden, en wreide it tal stúdzjerjochtings ek stadichoan út. Under ynfloed fan de [[Ferljochting]] oan de ein fan de [[achttjinde iuw]] fûnen der in soad feroarings yn de universiteiten plak. Mei de wittenskiplike revolúsje kaam de modrnemoderne wittenskiplike metoade. De neidruk kaam tenei te lizzen op it garjen fan nije kennis en de ynfloed fan de tsjerke en godstjisnstgodstsjinst waard hieltyd minder. Wichtich yn dy ûntwikkelings is it ûntstean fan de Humboldt-universiteit, neamd nei [[Wilhelm von Humboldt]]. DyDat type universiteit waard lang oanholden, mar nei de [[Yndustriële Revolúsje|Yndustriele Revolúsje]] waard de neidruk hieltyd mear lein op tapassings fan kennis yn de yndustry en maatskippij. Dêrtroch hawwe universiteiten de bannen mei de yndustry en de omkriten fersterke.
 
 
== Organisaasje ==
In universiteit is ferdield yn [[fakulteit]]en. De fakulteit fynt har oarsprong oan de midsiuwske [[Universiteit fan Parys]], dy't fjouwer fakulteiten kende: [[Rjocht]]sgeleardens, [[Teology|Godgeleardens]], [[Genêskunde]] en de "Fakulteit fan de Keunsten", wêrby't dy term verwizeferwize nei de sân frije keunsten.
 
[[Kategory:Universiteit| ]]