Universiteit: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
No edit summary
Rigel 33:
Yn de [[Iermoderne tiid]] nei de midsiuwen waarden der in tal fan universiteiten oprjochte yn de measte grutte stêden, en wreide it tal stúdzjerjochtings ek stadichoan út. Under ynfloed fan de [[Ferljochting]] oan de ein fan de [[achttjinde iuw]] fûnen der in soad feroarings yn de universiteiten plak. Mei de wittenskiplike revolúsje kaam de moderne wittenskiplike metoade. De neidruk kaam tenei te lizzen op it garjen fan nije kennis en de ynfloed fan de tsjerke en godstsjinst waard hieltyd minder. Wichtich yn dy ûntwikkelings is it ûntstean fan de Humboldt-universiteit, neamd nei [[Wilhelm von Humboldt]]. Dat type universiteit waard lang oanholden, mar nei de [[Yndustriële Revolúsje]] waard de neidruk hieltyd mear lein op tapassings fan kennis yn de yndustry en maatskippij. Dêrtroch hawwe universiteiten de bannen mei de yndustry en de omkriten fersterke.
 
== Wittenskiplik ûndersyk ==
Wittenskiplik ûndersyk wurdt ynearsten dien yn fakulteiten, mar stadichoan ek hieltyd mear yn universitêre ûndersyksynstituten. Dêr't universiteiten ynearsten harren benammen op djipgeand ûndersyk rjochten, wurdt hjoed-de-dei in part fan it ûndersyk rjochte op it ûntjaan fan nije tapassings. Universiteiten wurkje gauris yn 'e mande mei oare universiteiten, kennisynstellings en bedriuwen
 
== Akademyske mienskip ==
De universiteit mei al syn meiwurkers en studinten foarmje winliken in akademyske mienskip. It wittenskiplik personiel fan in universiteit bestiet foar in wichtich part út heechleararen, ûniversitêr haaddosinten en universitêr dosinten. Dêrnjonken binne der postdoktorale ûndersikers en promovendussen, wittenskiplike meiwurkers mei in tydlike oanstelling. Heechleararen en dosinten kombinearje ûndersyk en ûnderrjocht almeast, wylst promovendussen en postdoktors harren benammen op it dwaan fan ûndersyk konsintrearje, mar hawwe lykwols ek in rôl yn it ûndersyk.
 
== Organisaasje ==
In universiteit is ferdield yn [[fakulteit]]en, akademyske departeminten en skoallen, dy't wer ûnderferparte wurde yn learstuollen, fakgroepen en stúdzjerjochtings. De fakulteit fynt harsyn oarsprong oan de midsiuwske [[Universiteit fan Parys]], dy't fjouwer fakulteiten kendehie: [[Rjocht]]sgeleardens, [[Teology|Godgeleardens]], [[Genêskunde]] en de "Fakulteit fan de Keunsten", wêrby't dy term ferwize nei de sân frije keunsten.
 
=== Bestjoer en tafersjoch ===
Yn [[Nederlân]] wurdt in universiteit bestjoerd troch in kolleezje fan bestjoer, dy't bestiet út in ''[[rektor magnifikus]]'', foarsitter en in tredde lid. Eltse universiteit ha dêrnjonken noch in meisizzenskipsried en in ried fan tafersjoch. Guon universiteiten hawwe foar eltse universiteit of op sintraal nivo in studintassessor. Dy studintassessor is in advysjouwend studintlid fan it bestjoer en is winliken in brêge tusken it bestjoer, de meisizzenskipsried en de akademyske mienskip.
 
=== Fakulteit ===
In fakulteit is in bestjoerlike ienheid yn it heger ûnderrjocht. Dêr binne ûnderrjocht- en ûndersykstaken yn ûnderbrocht. In fakulteit sels kin ek wer ûnderferparte wêze yn subfakulteiten, departeminten en fakgroepen. In fakgroep of learstoel is it lytste bestjoerlike part fan in fakulteit.
 
Guon fakulteiten (haadstúdzjerjochtings) binne: [[rjocht]]en, [[ekonomy]] en ekonomyske wittenskippen, politike en sosjale wittenskippen, [[psychology]]/[[pedagogyk]], [[genêskunde]] en [[medisinen]], [[wiisbegearte]], [[teology]] en natoerwittenskippen.
 
=== Departeminten en fakgroepen ===
In fakgroep is in gearhingjende nust kennisgebieten. It wurdt hjoed-de-dei ek wol oantsjutten as basisienheid of learstoelgroep.
 
=== Undersyksynstituten ===
Njonken de fakulteiten hawwe in soad universiteiten ûndersyksynstituten, dêr't (parten fan) it ûndersyk yn ûnderbrocht binne. In part fan dy ynstituten falt ûnder in fakulteit, mar oare ynstituten dogge ûndersyk fan meardere fakulteiten. Om't it foech oer it ûndersyk fan de fakulteiten nei de ynstituten oergien binne, nimt it sizzenskip fan in soad fakulteiten oer it ûndersyk stadichoan ôf.
 
 
[[Kategory:Universiteit| ]]