Universiteit: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 56:
Njonken de fakulteiten hawwe in soad universiteiten ûndersyksynstituten, dêr't (parten fan) it ûndersyk yn ûnderbrocht binne. In part fan dy ynstituten falt ûnder in fakulteit, mar oare ynstituten dogge ûndersyk fan meardere fakulteiten. Om't it foech oer it ûndersyk fan de fakulteiten nei de ynstituten oergien binne, nimt it sizzenskip fan in soad fakulteiten oer it ûndersyk stadichoan ôf.
 
== Soarten universiteiten ==
[[Ofbyld:Stronghold Princeton University New Jersey USA Jazz-Face Mod.jpg|thumb|[[Princeton-universiteit]] yn [[Nij-Jersey]], [[Feriene Steaten]]]]
Der binne algemiene of spesjalisearre universiteiten. Algemiene universiteiten biede ûnderrjocht en ûndersyk oer it gânse wittenskiplike spektrum, wylst spesjalisearre universiteiten harren dwaande hâlde mei in bepaald mêd.
 
Yn Nederlân wurde ek [[heger beropsûnderwiis|hbû]]-ynstellings mei it begryp "universiteit"/"university" oantsjutten, sa as bygelyks [[Stenden University]] yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Gauris wurdt de [[Ingelsk]]e namme ''[[University of Applied Sciences]]'' brûkt. Dy binne lykwols yn werklikheid op akademysk mêd gjin universiteit. De namme "universiteit" waard yn Nederlân foar in skoft net wetlik beskerme en dêrtroch neame guon skoallen harren sels universiteit, wylst se dat net binne. Der waard njonkelytsen in wetsfoarstel dien om fêst te lizzen wa't tenei de namme "universiteit" en "hegeskoalle" brûke mei. Yn [[Dútslân]] is der in gelikense tastân dêr't de grins tusken universiteiten (''Hochschule'') en hbû's (''Fachhochschule'') dizich is.
 
In soad universiteiten binne iepenbiere universiteiten, dy't finansierre wurde troch de oerheid. Dêrnjonken besteane der privee-universiteiten, benammen yn de [[Feriene Steaten]], lykas [[Harvard Universiteit|Harvard]], [[Yale-universiteit|Yale]] en [[Hofstra Universiteit|Hofstra]]. Sokke universiteiten binne tige djoer en studinten kinne dat bekostigje troch in stúdzjeliening oan te gean of troch it bemachtigjen fan in stúdzjebeurs. De trochsneed stúdzjeskuld fan de Amerikaanske studint is $30.000.
 
== Fryslân ==
Yn [[Fryslân]] is der ien universiteit en dat is de [[Kampus Fryslân]], dat in ûnderdiel fan de [[Ryksuniversiteit Grins]] is, yn Ljouwert.
 
[[Kategory:Universiteit| ]]