Wetterskip Fryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+ foto
Rigel 11:
 
=== Dykwetterskippen ===
Yn de [[Nederlânske Grûnwet|Grûnwet fan 1848]] waard fêstlein, dat de wetterskippen tenei ferantwurdlik wêze soenen foar de [[wettersteat]]soarch en dat de provinsjes dêrop tafersjoch hâlde moasten. De provinsje Fryslân fierde hjirnei nije regleminten yn foar alle seewarrende wetterskippen, de [[dykwetterskip]]pen. Ek waard de wize feroare wêrop de wetterskipsbelestingen heft waarden. Yn de desennia dêrnei foege de provinsje boppedat guon dykwetterskippen gear. Yn 1892 waard troch de provinsje foar de seewarrende in algemien reglemint fêststeld, dêr't ûnderwerpen as it foech fan it wetterskipsbestjoer en syn ferkiezing yn fêstlein waarden. Dat reglemint waard dêrnei op mear wetterskippen fan tapassing ferklearre. It heechste bestjoersorgaan fan in wetterskip wie òf in ''kolleezje fan folmachten'', dy’t dan de stimhawwende grûneigeners fertsjintwurdigen, òf in ''[[Yngelân|gearkomst fan yngelannen]]'', besteande út dy grûneigeners sels.
 
=== Feanpolders ===