Country: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Daam (oerlis | bydragen)
kat
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Ofbyld fan en:
Rigel 1:
[[Ofbyld:Willie Nelson.jpg|thumb|left|Willie Nelson yn de Chumash Casino Resort yn Santa Ynez, California.]]
'''Countrymuzyk''' is de sammelnamme foar ferskate [[muzykstyl|muzykstilen]] fan [[Amearika|Amerikaanske]] [[muzyk]], dy't ûntstien is op it plattelân yn it súdlike part fan de [[Feriene Steaten]] en syn woartels yn de Amerikaanske [[folksmuzyk]] hat. As regel giet it om in sjongstim dy't begelaat wurdt troch in tal ienfâldige ynstruminten: steel[[gitaar]], [[fioele]] en akoestyske gitaar binne de tradisjonele, mar hjoed de dei (2007) wurde ek elektryske gitaar en [[drums]] brûkt.
 
== Oarsprong ==
De oarsprong leit yn de smeltkroes fan alle nasjonaliteiten, dy't yn de [[18e ieu]] nei de [[Nije Wrâld]] lutsen om dêr in nij bestean op te bouwen. In soad [[ymmigranten]] brochten fansels har muzykark mei en nei in wike bodzjen kamen se sneons byinoar om te ûntspannen en muzyk te meitsjen. Dêr leit de oarsprong fan it hjoeddeiske ''Country en Western''.