Skout: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
noch wat tafoegt, stobbe fuorthelle + kategory deroan plakt
Grytman
Rigel 1:
In '''Skout''' (Aldfrysk: ''Skelta'') wie yn it tiidrek fan de [[Midsieuwen]] (800-1200) in persoan dy't as lieder fungeare by in rjochtsgeding. Sels spruts er gjin rjocht, dit wie de taak fan de [[asega]] (rjochtsizzer). De skout wie fan [[Frankyske ryk|Frankyske]] oarsprong, de asega kaam fan de [[Friezen]] sels, omdat it rjocht fûn moast wurde. Allinnich in deskundige fan it folks sels koe dit. De skout wie in amtner en út namme fan de [[Greve]] soarge hy dat it rjocht syn beloop krige. It rjocht út dit tiidrek hiet [[skouterjocht]].
 
Yn de rin fan [[12e ieu]] begûn it Greeflik gesach yn de Fryske gebieten ôf te takeljen. Om-ende-by 1200 ferdwûn de asega en de skout yn [[Westerlauwersk Fryslân|Fryslân]], [[Grinslân]] en [[East-Fryslân]]. Der foar yn plak kaam yn Fryslân de [[GrietmanGrytman]] dy't sawol de funksje fan skout en asega yn him hie.
 
[[Kategory:Rjocht yn Fryslân]]