Denver Pyle: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Lebels: Mobile bewurking Bewurking mobile webstee
L red
Rigel 1:
{{Akteur
| ôfbylding = Denver Pyle 1962 (cropped).JPGjpg
| ôfbyldingstekst = Denver Pyle yn syn rol fan omke Jesse <br>yn ''[[The Dukes of Hazzard (1962telefyzjesearje)|The Dukes of Hazzard]]''.
| ôfbyldingsbreedte =
| echte namme = Denver Dell Pyle
Rigel 23:
 
Pyle stie der ek om bekend dat er yn [[1966]] sawol de fertochte as it moardslachtoffer spile yn 'e lêste ôflevering fan 'e orizjinele ''[[Perry Mason]]''-[[detektiveferhaal|detektive]]searje. Dêrtroch wied er de iennichste akteur dy't yn dy searje sawol it slachtoffer, as de fertochte, as (yn in eardere ôflevering) de eigentlike moardner spile hie. Pyle waard yn 'e Feriene Steaten lykwols pas echt ferneamd doe't er ferskate kearen yn ''[[The Andy Griffith Show]]'' ferskynde as Briscoe Darling, de noartske partriarch fan 'e Darling-clan fan muzikale berchbewenners. Yn it bûtenlân seach men him lykwols pas foar it earst doe't er Mad Jack spile yn 36 ôfleverings fan 'e searje ''[[The Life and Times of Grizzly Adams]]'' ([[1977]]-[[1978]]).
[[File:Denver Pyle 1962 (cropped).JPG|right|160px|thumb|Denver Pyle yn [[1962]].]]
 
Dy lêste rol waard lykwols al rillegau yn it skaad steld fan in oarenien, doe't er yn [[1978]] troch [[tillefyzje]]produsint [[Gy Waldron]] cast waard yn 'e rol fan omke Jesse yn 'e hitsearje ''[[The Dukes of Hazzard (telefyzjesearje)|The Dukes of Hazzard]]'', dy't rûn fan [[1979]] oant [[1985]]. Dy rige gie oer twa neven, Bo en Luke Duke (spile troch [[John Schneider]] en [[Tom Wopat]]) dy't by harren wize âlde omke (Pyle) ynwennen en de korrupte ''county''-kommissaris ''Boss'' Hogg en de net oersnoade ''[[sheriff]]'' Roscoe P. Coltrane kear op kear te fluch ôf wiene. Pyle wie mei [[Sorrell Booke]] (''Boss'' Hogg) it iennichste lid fan 'e ''cast'' dat yn alle 145 ôfleverings fan 'e searje te sjen wie.