Driuwwâl: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
dien
[[]]
 
Rigel 1:
[[Ofbyld:Lüneburger Heide 007.jpg|thumb|De [[Luneburger Heide]] fan de Wilseder Berch ôf sjoen. De Luneburger Heide bestiet út [[morene]]n opdreaune [[neogeen]] sân]]
In '''driuwwâl''' is in rêch yn in gea dy't bestiet troch [[gletsjer]]s opdreaune materiaal. Driuwwâlen besteane benammen út sediminten dy't al foar de iisbedekking ôfset waarden. Yn [[Nederlân]] en [[Noard-Dútslân]] besteane driuwwâlen benammen út opdreaune [[sân]] of [[balstien]]nen. Dy ferskille dêrmei fan [[morene]]n dy't yn berchkeatlings foarkomme. Der kin lykwols al morenematearje yn in driuwwâl foarkomme, sa as [[balstienliem]]. Gauris is der njonken in driuwwâl in delte yn it lânskip. Dat is in oerbliuwsel fan in [[glasiaalbekken]], dêr't de sediminten[[sedimint]]en wei troch it iis opdreaun waard. Eartiids wiene driuwwâlen heger, mar troch [[eroazje]] waard de driuwwâl ôfflakke.
 
Yn [[Fryslân]] binne de hichten yn [[Gaasterlân]] part fan in driuwwâl dy't fierder bestiet út hichten yn [[Teksel]], [[Wieringen]], [[Stienwyk]] en [[Coevorden]]. Njonken de hichten fan Gaasterlân lizze de [[Fryske marren]], dat, sa as hjirboppe neamd waard, in delte njonken in driuwwâl is dêr't ea in glasiaal bekken wie. Dy driuwwâl komt út it [[Saale-glasiaal]] wei.