Swiertekrêft: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanfolling fan nl
sa earst mar ris
Rigel 22:
:<math>g = G \cdot \frac{M_\text{ierde}}{r_\text{ierde}^2} \approx 9{,}81 \text{ m/s}^2</math>
 
== Swiertekrêft op ierde ==
[[Ofbyld:Southern ocean gravity hg.png|250px|thumb|Ferskillen yn swiertekrêft om [[Antarktika]] hinne]]
De swiertekrêftswet fan Newton jout de oanlûkingskrêft tusken twa puntmassa's, mar jildt ek foar homogene lichems dy't rûn fan foarm binne. By de [[ierde]] moat rekkne holden wurde dat dy fan binnen net homogeen is, want de massa is net lykwichtich ferspraat. Dat is ien fan de oarsaken dat de swiertekrêft op ierde op guon plakken opit ierdoerflak grutter is as op oare plakken, bygelyks troch de oanwêzigens fan massivere stiensoarten.
 
Boppedat soarget de rotaasje fan de ierde om syn [[Ierdas|as]] hinne derfoar dat op foarwerpen op ierde njonken de swiertekrêft ek in [[mulpuntflechtsjende krêft]] wurket, dy't suver tsjin de rjochting fan de swiertekrêft yn wurket. Hoe fierder fan de [[ierdas]] ôf, hoe grutter dy mulpuntflechtsjende krêft. Op de [[evener]] is dy krêft it grutst, en op de poalen is dy nul.
 
En fierders is de foarm fan de ierde net folslein rûn, mar, ûnder ynfloed fan de rotaasje, by de poalen justjes ôfflakke. De ierde hat de foarm fan in ôfflakke [[sfearoïde]]. Dat betsjut dat de poalen likernôch 21 km tichter by it sintrum fan de ierde binne as de evener, dat de swietekrêft op de poalen justjes grutter makket.
 
De swiertekrêft- of falfaasje op it ierdoerflak fariearret troch al dy oarsaken fan likernôch 9,789 m·s−2 en 9,832 m·s−2. Yn Fryslân is dy likernôch 9,8135 m·s−2.
 
{{Boarnen|Boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch [https://nl.wikipedia.org/wiki/Zwaartekracht ''Referenties'' op dizze side].
--------------------------
{{Commonscat|Gravitation}}
}}
 
[[Kategory:Astronomy]]