Horror: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Removing image does not exist
Lebel: Boarnebewurker 2017
Rigel 4:
==Skiednis==
De woartels fan 'e horror geane werom op [[Midsiuwen|Midsiuwske]] folksferhalen, [[mearke]]s en [[religy|religieuze]] tradysjes dy't har rjochten op 'e [[dea]], it hjirneimels, it kwea en [[demon|demoanen]]. Dêryn kamen boppenatuerlike wêzens foar as [[heks (mytysk wêzen)|heks]]en, [[fampier]]en, [[wearwolf|wearwolven]], [[mummy]]s, [[somby]]s en [[spûk]]en. De [[Goatyske roman]] fan 'e [[achttjinde iuw]] griep werom op dy boarnen, mar geat se yn in nije foarm. It wichtichste foarbyld fan dy iere horror is de [[roman]] ''Castle of Otranto'', fan 'e [[Ingelân|Ingelske]] skriuwer [[Horace Walpole]], út [[1764]]. By de earste edysje dêrfan waard beard dat dat in wiere Midsiuwske roman út [[Itaalje]] wie dy't ûntdutsen en oerset wie troch in fiktive wittenskipper. Doe't de wierheid oan it ljocht kaam, fûnen de measte minsken it in [[anagronisme|anagronistysk]] wurk of gewoan wansmaaklik. Likegoed waard ''Castle of Otranto'' tige populêr.
[[File:Dracula 1931.jpg|left|thumb|220px|In byld út 'e [[film]] ''Dracula'', út [[1931]], mei [[Béla Lugosi]] as Dracula.]]
 
Oare Goatyske romans folgen, lykas ''Vathek'' ([[1786]]) fan [[William Beckford]], ''The Mysteries of Udolpho'' ([[1794]]) fan [[Ann Radcliffe]], en ''The Monk'' ([[1797]]) fan [[Matthew Lewis]]. In grut diel fan 'e horror út dy perioade waard skreaun troch froulju foar froulju, mei as wichtichste senario in fernimstige jonge heldinne dy't hjitfolge waard yn in nearzich kastiel. Underwilens wie yn [[Dútslân]] in soartgelikens sjenre, dat fan 'e ''[[Räuber- und Schauerroman]]'' yn 'e moade rekke, wylst de horror yn 'e Ingelske literatuer oersloech fan [[proaza]] nei [[poëzij]] mei de saneamde ''[[graveyard poem]]s''.