Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 124:
== Grutte Easten / Grand Est - Opper-Frankryk / Hauts-de-France ==
Ik seach dat jo yn in pear artikels oer Frânske regio's in Fryske namme jûn ha. Grand Est is sa it Grutte Easten woarn en Hauts-de-France Opper-Frankryk. Wy hawwe in skoft lyn de nammen fan bûtenlânske plakken fêstlein. Wy hawwe it dêrby fierder leau'k net hân oer de regio's fan Frankryk, mar de nammen 'Grutte Easten' en 'Opper-Frankryk' binne tink net bot ynboargere en ik miende dat wy doe ôfpraat hawwe dat wy yn sokke gefallen de offisjele nammen oanhâlde soene. Hawwe jo der in beswier tsjin dat ik de titels fan jo bydragen feroarje yn de offisjele namme en dan yn de tekst fierder de Fryske namme derby set?--[[Meidogger:RomkeHoekstra|RomkeHoekstra]] ([[Meidogger oerlis:RomkeHoekstra|oerlis]]) 8 sep 2021, 19.28 (CEST)
:{{Ping|RomkeHoekstra}} Nim my net kwea-ôf dat ik hjir even ynbrek. Spitich dat [[Oerlis:Opper-Frankryk|dizze diskusje]] nei't it skynt by jo lâns gien is, Romke. Ik wol fierders graach even sizze dat de diskusje oer ferfrysking fan bûtenlânske toponimen, dêr't jo nei ferwize, útslutend oer plaknammen gie, en net oer geografyske nammen fan gruttere gebieten, lykas streken, provinsjes en bestjoerlike regio's. Persoanlik sjoch ik dêr in grut ferskil tusken. Wat plaknammen oangiet, bin ik yn prinsipe net foar ferfrysking fan toponimen dy't net al ynboargere binne. Wat gruttere geografyske gebieten oangiet, leit dat neffens my lykwols oars, yn it foarste plak al fanwegen de grutte fan it gebiet. Dêr komt noch by dat sokke nammen (oars as de measte plaknammen) faak yn it Frysk ferbûgd wurde moatte kinne. Om by de Frânske regio's te bliuwen, soene je bgl. sizze kinne dat Opper-Frankryk ferbûgd wurde kin ta Opperfrânsk en Grutte Easten ta Gruteastlik. Ik moat tajaan dat je mei guon fan dy healwize nammen dy't se dêr yn Frankryk betocht hawwe, ek nei ferfrysking net folle kinne. [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|oerlis]]) 8 sep 2021, 23.17 (CEST)