Molière: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
 
Rigel 7:
Op 24 oktober 1658 trede hy foar de earste kear op foar Loadewyk de XIV en syn heule hof yn in seal fan it Louvre. De byfal wie sa grut, dat Molière's selskip de namme ''Troupe de Monsieur'' fiere mocht en in seal fan it [[Petit-Bourbon]] brûke mocht. Yn 1659 iepene hy mei ''les Précieuses ridicules'' in rige fan ûngefear tritich kluchten en blijspullen, dy him de geunst en beskerming fan [[Loadewyk XIV]] besoargen en it by it neigeslacht ferneamd makken. Yn 1662 boaske hy mei de santjinjierrige toanielspylsster Armande Béjart.
 
Yn syn komeedzjes hie Molière krityk op edelen en geastliken, dy't tige befoarrjochte libben, op harren sleur, harren bline oanbidding fan gesach, harren minachting fan ûnderfining en waarnimming. Hy rjochte syn krityk ek op medisy, skyngelearden enoerdreauneen oerdreaune bewûnderers fan keunst en wittenskip. Loadewyk XIV mocht him wol lije en steundestipe it [[selskip fan Molière]]. Hy joech tastimming op te treden yn syn eigen [[Palais-Royal]]. Nei de ôfbraak fan it paleis 'Petit-Bourbon', wegens útwreiding fan de eastlike fleugel fan it [[Louvre]], spile it selskip faker op de nije lokaasje.
 
Molière ferstoar nei de fjirde foarstelling fan syn lêste komeedzje, ''Le malade imaginaire'', wêryn't hy lykas wenst de haadrol hie. Yn dat toanielstik waard de spot dreaun mei it siik wêzen. In goed resept tsjin sykte wie ûnfertinne wyn mei in grut stik kofleis en hollânske tsiis. By de opfiering waard Molière hommels net goed. Hy waard nei hûs ta brocht en frege om in stik Parmezaanske tsiis, it ienige dat er noch ite koe. It wie om 'e nocht, Molière stoar noch dyselde jûn.
 
Yn 1680, sân jier nei syn dea, waard by dekreet troch Loadewyk XIV de ''Comédie Française'' oprjochte, wêrfan Molière as de paadsljochter sjoen wurde kin. De lokale [[clerus]] ûntsei him in [[begraffenis]] op wijde grûn, mar nei bemiddeling fan lokale pommeranten waard hy úteinlik begroeven by de [[doop (sakremint)|net-doopte]] bern. Der binne ferskate spylfilms makke oer it libben fan Molière. Letter waard it talint fan Molière ek yn yntellektuele fermiddens erkend. Hy waard postúm lid fan de [[Académie Française]]. Op syn boarstbyld yn de eareseal fan de Académie waard yn 1778 de tekst: ''Rien ne manque à sa gloire, il manquait à la nôtre'' ('neatNeat ûntbrekt oan syn eare, hy ûntbrekt oan dy fan ús') oanbrocht.
 
[[Ofbyld:LeMaladeImaginaire.jpg|250px|thumb|''Tekening troch Jean-Michel Moreau<br />fan 'Le Malade imaginaire']]