Taalgebiet: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Oare taalgebieten: noch wat der by
Rigel 7:
* [[Ingelsk]], feriene yn de [[Anglosfear]] (''Anglosphere''); [[Austraalje]], it [[Feriene Keninkryk]], [[Feriene Steaten]], [[Ierlân]], [[Kanada]], [[Nij-Seelân]] en ferskate eardere Britske en Amerikaanske koloanjes dy't foar in grut part feriene binne yn it [[Mienebest fan Naasjes]], dêr't Ingelsk njonken de lânseigen talen de offisjele taal is.
* [[Frânsk]], feriene yn de [[Frankofony]] (''la Francophonie''); [[Frankryk]], [[Belgje]], [[Lúksemboarch]], westlik [[Switserlân]], [[Monako]], eardere Frânske koloanjes yn [[Afrika]], de [[Frânske Antillen]], de [[Kanadeeske provinsjes]] [[Kebek (provinsje)|Kebek]] en [[Nij-Breunswyk]] en parten fan de Feriene Steaten: [[Louisiana]] en noardlik [[Nij-Ingelân]].
* [[Nederlânsk]], feriene yn de [[Nederlânske Taaluny]]; [[Nederlân]], [[Belgje]], [[Suriname]], [[Arûba]], [[Kurasao]] en [[Sint-Marten (lân)|Sint-Marten]].
* [[Portegeesk]], feriene yn de [[Lusofony]] (''Lusofonia''); [[Portegal]], [[Brazylje]], eardere Portegeeske koloanjes yn [[Afrika]], [[East-Timor]] en [[Makau]].
* [[Spaansk]], feriene yn de [[Hispanofony]]; [[Spanje]], [[Hispano-Amearika]], [[Ekwatoriaal-Guinee]] en ek wol it súdwesten fan de [[Feriene Steaten]] wurdt wol ta de Hispanofony rekkene.